thumb|Koolstra is ien fan de fallenen dy't betocht wurde op it oarlochsmonumint yn Rinsumageast Meindert Koolstra (Rinsumageast, 4 juny 1917 - Mauthausen, 7 septimber 1944) wie SOE agint yn de Twadde Wrâldkriich.
Meindert Koolstra assistearre Hendrik Reinder Steeksma en wie detasjearre by it Buro Bysûndere Opdrachten. Hy wie belutsen by it Englandspiel. Yn de nacht fan 21 oktober 1942 is er dropt by Ermelo yn Gelderlân, mar waard fuortendaliks arrestearre. Hy is yn konsintraasjekamp Mauthausen fusillearre.
Koolstra waard yn 1953 postúm ûnderskieden mei it Brûnzen Krús.
Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk misdieslachtoffer Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk misdieslachtoffer Kategory:Ingelânfarder Kategory:Persoan omkommen yn Mauthausen Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Rinsumageast Kategory:Persoan berne yn 1917 Kategory:Persoan stoarn yn 1944