250px|thumb|left|Stasjon Feanwâlden rjochting De Westereen (2022) thumb|250px|left|Stasjon Feanwâlden foar 1940 Stasjon Feanwâlden (Fwd) is it stasjon fan Feanwâlden yn de provinsje Fryslân. It is iepene op 1 juny 1866, leit oan it spoar fan Ljouwert nei Grins (Steatsline B) en wurdt betsjinne troch Arriva.

It âlde stasjon út 1863 waard yn 1973 ôfbrutsen en ferfongen troch in glêzen wachtromte, fan it Standerttype Douma fan arsjitekt Cees Douma, dêr't ek it VVV-kantoar yn sit. It perron waard doe in saneamd eilânperron.

Yn 2009 waard de plaknamme fan Feanwâlden offisjeel feroare fan Veenwouden ta de Frysktalige namme. De namme fan it stasjon waard yn 2015 pas feroare ta de Frysktalige om betizing te foarkommen. De ôfkoarting waard ek feroare fan Vwd ta Fwd.

Treintsjinsten

Rûte Tsjinst Undernimmer Tsjinstroaster Ljouwert - Grins Flugge trein Arriva 2x it oere - sneins en jûns nei 20:00: 1x it oere (2022)* Ljouwert - Grins Stoptrein Arriva 2x it oere - sneins en jûns nei 20:00: 1x it oere (2022)* Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Keppeling om utens Stasjon Feanwâlden op Stasjonsweb.

Kategory:Feanwâlden Feanwâlden Kategory:Bouwurk yn Dantumadiel Kategory:Bouwurk út 1863 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1973 Kategory:Bouwurk út 1973