Stasjon Mantgum is it stasjon yn Mantgum oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. De iepening wie op 16 juny 1883. Fan 15 maaie 1938 oant 1 maaie 1940 en fan 24 novimber 1940 oant 3 juny 1973 hat it stasjon lykwols sletten west. It stasjonsgebou fan 1883 waard yn 1973 ferfongen troch in abry.
Dit spoar wurdt eksploitearre troch Arriva.
Yn septimber 2018 krige it stasjon Mantgum fernijde, dimde ferljochting. Dat waard dien op inisjatyf fan in groep Mantgumers, by wize fan enerzjybesparring, mar mear noch om 'e ljochtfersmoarging tsjin te gean, dy't it nachtlik tsjuster by Mantgum ferpeste en dêr't nachtdieren as flearmûzen en ûlen lêst fan hiene., Treinstation Mantgum weer in duisternis gehuld, yn: de Ljouwerter Krante, 12 septimber 2018, s. 25.
Tsjinsten De folgjende tsjinsten dogge Mantgum oan: Searje Trein type Route Materiaal Frekwinsje 30000 Arriva Stoptrein Ljouwert - Mantgum - Snits Noard - Sneek - Drylts - Warkum - Hylpen - Koudum-Molkwar - Starum SpurtWINK 2x yn 't oere nei Snits, 1x yn 't oere fierder nei Starum
Mantgum Kategory:Bouwurk yn Littenseradiel Kategory:Bouwurk yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Mantgum Kategory:Bouwurk út 1883 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1973 Kategory:Bouwurk út 1973