Petrus Adrianus Bergsma (Mitselwier, 15 april 1743 - Dokkum, 14 oktober 1824) wie grytman fan Dantumadiel (1782), Biographisch Woordenboek (Van der Aa) deputearre fan Fryslân, lid fan de Admiraliteit fan Fryslân en dykgraaf fan East-Dongeradielster Seediken. Bergsma wie in soan fan Willem Bergsma en Remelia Schik.

Petrus propagearre de bou fan tabak en sûkerei yn Fryslân. Dat mei tabak slagge net, de sûkereitylt wol (û.o. yn Dantumadiel). De drûgerij stichte er yn 1792 en soe de grutste fan it keninkryk wêze. Bergsma hie fierder in hynstefokkerij yn Dantumawâld en hy wie tsjerkefâd. Syn namme stiet op de tsjerkeklok út 1786.

Petrus Adrianus Bergsma wie bekend as útfiner fan it brûken fan sâlt foar it fee en yn it bysûnder as middel om hea te bewarjen, tsjin broeiing en skimmel, wylst it altiten de fiedingswearde fan it hea ferheget. It wie yn 1790 dat er dat foar 't earst op it aljemint brocht. De patrysjer Bergsma wie eigner fan 7 fan de 16 stimhawwende pleatsen yn Moarrewâld.

Yn Damwâld is yn 1968 de mr. P.A. Bergsmastrjitte nei him neamd.

Houlik en bern Op 3 july 1768 troude Bergsma yn Dantumawâld mei Dordonea Jacoba Doitsma (1753-1794), de dochter fan predikant Jacobus Doitsma en Aletta de Vicq. It pear hie sân bern:

Sara Susanna Bergsma (1769–1836), troude mei Epke Roos van Bienema, turfûndernimmer en lid fan it Komitee fan Folksfertsjintwurdigers dy't tafersjoch hold op de saken fan de Steaten fan Fryslân. Willem Cornelis Bergsma (1770–1799), troud mei Jetske Zeper. Hy wie siktaris fan Dantumadiel. Jacobus Johannes Bergsma (1771–1854), troud mei Baukje Zeper. Hy folge syn heit op as grytman fan Dantumadiel. Teffens tsjinne er as lid fan de Provinsjale Steaten en as landdrost (regionaal bestjoerder). Remelia Lucia Bergsma (1773–1801), troud mei Jan Pieter Pierson, offisier. Anna Margaretha Bergsma (1774–1832), troud mei Anne Regnerus de Wendt, abbekaat en lid fan de Nederlânske Rekkenkeamer. Johannes Casparus Bergsma (1775–1818), troude mei Jetske Wiskia fan Scheltinga, de dochter fan Cornelis fan Scheltinga. Hy wie ûnder oaren lid fan de Provinsjale Steaten, grytman fan Eastdongeradiel, en lid fan de Gearkomste fan Notabelen (1814). Lucia Aurelia Bergsma (1776–1825), boasket Sjoerd Gerhardus de Fruitier de Talma, belestingynhâlder.

Kategory:Frysk boer Kategory:Frysk lânboukundige Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk útfiner Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Dantumadiel Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk deputearre Kategory:Politikus yn it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen Kategory:Persoan berne yn Mitselwier Kategory:Persoan stoarn yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1743 Kategory:Persoan stoarn yn 1824