thumb|350px|Burj Khalifa thumb|350px|Burj Khalifa yn ferliking ta oare hege bouwurken. De Burj Khalifa is in wolkekliuwer yn Dûbai en is mei in hichte fan 828 meter it heechste bouwurk op ierde.
Skiedis De bou sette útein op 21 septimber 2004. 21 july 2007 naam de Burj Khalifa (doe noch Burj Dûbai) de titel 'heechste gebou fan de wrâld' oer fan de Taipei 101 yn Taiwan. Op 17 jannewaris wie op 828 meter it heechste punt helle. Op 4 jannewaris 2010 waard it gebou mei fjoerwurk iepene. By de bou fan de toer hite de toer Burj Dûbai (Arabysk: برج دبي : Toer fan Dûbai). Foar de iepening wie bekend dat de toer ferkocht wurde moast omdat der te min jild wie. Khalifa bin Zayed Al Nahayan fan it Emiraat Abu Dhabi kocht de toer in oermannich foar de iepening, wêrtroch de namme fan de toer feroare yn Burj Khalifa.
Sifers De grutste lift yn 't bouwurk is 504 meter lang en is dêrmei de langste lift fan de wrâld.Top 10 Burj Khalifa facts: Part 1, 28 des. 2009 (sjoen op 26 jan. 2010) De toer hat 1.044 wenten.Top 10 Burj Khalifa facts: Part 1, 28 des. 2009 (sjoen op 26 jan. 2010) 3.000 ûndergrûnse parkearplakken.Top 10 Burj Khalifa facts: Part 1, 28 des. 2009 (sjoen op 26 jan. 2010) Op it hichtepunt fan de bou wienen 12.000 arbeiders oan it wurk.Top 10 Burj Khalifa facts: Part 1, 28 des. 2009 (sjoen op 26 jan. 2010) De toer hat in oerflak fan 526.760 kante meter.Top 10 Burj Khalifa facts: Part 2, 5 jan. 2010 (sjoen op 26 jan. 2010) Foar de bou wie 330.000 kubike meter beton nedich.Top 10 Burj Khalifa facts: Part 2, 5 jan. 2010 (sjoen op 26 jan. 2010) Foar it bouwen wiene 22.000.000 wurkoeren nedich.Top 10 Burj Khalifa facts: Part 2, 5 jan. 2010 (sjoen op 26 jan. 2010)
Nijsgjirrichheden Ien dei nei de iepening sprongen twa basejumpers op 672 meter hichte fan de toer ôf.Basejump vom Burj Khalifa, Welt TV, 8 jannewaris 2010 (sjoen op 26 jan. 2010) Yn it bouwurk sit de heechste moskee fan de wrâld (158e ferdjipping), heechste swimbad fan de wrâld (76e ferdjipping) en heechste útsichtplatfoarm fan de wrâld (124e ferdjipping).Quick Facts on Burj Dubai/Burj Khalifa, gjin datum (sjoen op 26 jan. 2010)
Sjoch ek Wolkekliuwer
Keppeling om utens
Offisjele hiemside Burj Khalifa op Skyscraperpage thumb|right|30px|''>
Kategory:Dûbai Kategory:Wolkekliuwer yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Bouwurk út 2007