thumb|Lolle Piers de Boer yn Los Angeles, 1937 Lolle Piers de Boer (Makkum, 21 desimber 1881 - Los Angeles, 11 juny 1964) wie in histoarikus.

De Boer wie nei syn stúdzje te Leien learaar yn Londen. Letter, yn de Feriene Steaten wie er bibletekaris, genealooch, heraldikus en lektor. Hy bestudearre de kômôf fan Amerikaanske Nederlanners. Hy krewearre foar it Frysk en Fryslân út syn wenplak Los Angeles wei.

Yn 1943 wie er mei B. J. Fridsma oprjochter fan it Frysk Ynformaasjeburo (Frisian Information Bureau 1943-1984). Neffens J. J. Hof wie er 'de earste Jongfries'.

Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frisiast Kategory:Frysk taalaktivist Kategory:Frysk bibletekaris Kategory:Frysk genealooch Kategory:Frysk heraldikus Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Amerikaansk skiedkundige Kategory:Amerikaansk taalaktivist Kategory:Amerikaansk bibletekaris Kategory:Amerikaansk genealooch Kategory:Amerikaansk heraldikus Kategory:Amerikaansk ûnderwizer Kategory:Amerikaansk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Makkum Kategory:Persoan berne yn 1881 Kategory:Persoan stoarn yn 1964