Teatske Alzum (Moarre, 29 oktober 1899 - Dokkum, 13 juny 1962) wie in winkelfrou en Frysktalich skriuwster út Moarre, Dongeradiel.
Libben Teatske Alzum wenne har hiele libben yn Moarre. Dêr hie hja mei har suster, by wa't se ek ynwenne, in winkeltsje yn harren âlderlik hûs. Yn 't earstoan skreau hja yn it Nederlânsk. Yn de oarlochsjierren (WO II) folge se in kursus Frysk. Oer de skriuwerij yn it Frysk hat Alzum ris sein: 'Wat nuver dat men der mei pielt, net?'alzum Ljouwerter Krante 1 juny 1968
Har boeken ferskynden by de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB).
Publikaasjes
Eigen wurk Koarte ferhalen, ûnder oare ferskynd yn it Frysk Deiblêd, Frysk en Frij, De Fleanende Krie en De Stim fan Fryslân. Toanielstikken Diggels, ferhalebondel (1965) Iepen finsters, roman (1963) Boete dwaen, (blomlêzing út Diggels (1978)
Telefyzjespul Boete dwaen (1978). Bewurking fan trije ferhalen foar telefyzje yn opdracht fan de NCRV, rezjy Klaas Rusticusalzum Ljouwerter Krante, 13 septimber 1977.
Oer Teatske Alzum - Teatske Alzum har wrâld, mei in omstavere werprintinge fan 38 ferhalen (2004) Reportaazje oer Teatske Alzum mei har suster Folkje Alzum en Ate Leegstra yn Moarre by Ljussens. - Ljouwert : Omrop Fryslân, 2009. Hjir: te beharkjen. Koart portret fan Teatske Alzum op de Fryske Jûn, NCRV-telefyzje, 8 novimber 1978.alzum Ljouwerter Krante, 8 novimber 1978
Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Moarre Kategory:Persoan stoarn yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1899 Kategory:Persoan stoarn yn 1962