Johannes Phocylides Holwarda of Jan Fokkes, Jan Fokker, Johann Holwarda, Johannes Fokkes Holwarda, Jan Fokkens Holwarda, Jan Fokkes van Holwerd, (Holwert, 19 febrewaris 1618 - Frjentsjer, 22 jannewaris 1651) wie in Frysk astronoom, dokter en filosoof. Hy wie professer yn de logika (1639) en filosofy (1647) oan de Universiteit fan Frjentsjer fan 1639 oant 1651.Pieter Willem van der Horst, The Sentences of Pseudo-Phocylides (Brill, 1978), 63.

Holwerda is it meast bekend wurden troch syn ûntdekking fan it ferskil yn helderens fan de stjer Mira (stjerrebyld Omicron Ceti/Walfisk). Yn in systematyske stúdzje, yn 1638, liet er sjen dat Mira ferdwûn en opnij ferskynde yn in 330 dagen duorjende siklus.Holwarda, Johannes PhocylidesMira, Omicron Ceti

Hy wie fierders in 'fylosofysk atomist '(“atomisme”) en bestrider fan 'aristotelisten'. Yn it postúm publisearre Philosophia Naturalis, seu Physica Vetus-Nova (1651), definiearret er matearje en foarm: matearje is in gruttens en ferdield yn atomen, wylst foarm in weefsel fan atomen is. Neffens Phocylides besteane lichems út atomen en focht. By atomen makke er ûnderskied tusken inkeldfâldige en gearstalde atomen; it binne fêste lichemkes dy't direkt troch God oanstjoerd wurde.Antonio Clericuzio, Elements, Principles and Corpuscles: A Study of Atomism and Chemistry in the Seventeeth Century (Springer, 2001), p. 187).

De moannekrater Phocylides is nei him neamd.the-moon » Phocylides

Wurk Philosophia naturalis, seu physica vetus-nova, 1651 Elementale logicum, 1648 Collegium logicum disputt. XII, 1646 Sciagraphica logicae, 1643 Oar wurk Friese sterrekonst (1652), Encyclopedie van Friesland, 1958. Holwarda, J. P.

Kategory:Frysk astronoom Kategory:Frysk filosoof Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk publisist Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn Holwert Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1618 Kategory:Persoan stoarn yn 1651