Johan Veenstra (Wolvegea, 6 jannewaris 1946) is ien fan de bekendste Stellingwerfske skriuwers. Hy skriuwt Stellingwerfske dichtbondels, ferhalen en romans. Johan Veenstra is berne yn de Wolvegea, mar hat syn hiele libben yn Nijeholtpea wenne. Njoggen jier lang skreau en spruts er kollums (Stellingwarver Stiekelstokkies) foar Omrop Fryslân radio. Hy skriuwt no kollums foar de Ljouwerter Krante.

Johan Veenstra is yn 2001 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau, foar syn wurk yn en foar it Stellingwerfsk. Yn 2020 wûn Veenstra de Rink van der Veldepriis. Hy krige de priis foar syn boek Vroeger is veurgoed veurbi'j. It wie foar it earst dat de priis takend waard foar in boek dat yn in streektaal skreaun is. Yn maart 2021 waard Veenstra beneamd ta eareboarger fan de gemeente Weststellingwerf.

Boeken Wilde Gaanzen, ferhalen en gedichten, 1974 Fluitekruud, ferhalen, 1977 As de wilde roze bluuit, gedichten, 1979 Een vlinder van zulver, roman, 1981 Naachs goelen de honnen, roman, 1984 Lamert en Lutske, verhaelen, 1987 De toren van De Lichtmis, gedichten, 1988 Lamert, Lutske en Doerak, ferhalen, 1990 Stellingwarver Stiekelstokkies, radioteltsjes, 1991 De boot naor Valhöll, ferhalen, 1992 Stellingwarver Stiekelstokkies 2, radioteltsjes, 1993 Sletel parredies, gedichten, 1994 Stellingwarver Stiekelstokkies 3, radioteltsjes, 1995 Een meenske is gien eerpel, ferhalen, 1997 Verrassend Stellingwarfs, oersettings, 1998 Toegift, roman, 1999 Winterlaand, gedichten, 2001 Wonder boven wonder, folksferhalen, 2002 De wereld is gek, ferhalen, 2004 Een brogge van glas, roman, 2006 Longerlaand, gedichten (tegearre mei Peter Hiemstra), 2007 Et geheim van de wiend, roman, 2009 In brêge fan glês, roman, 2009 (Fryske oersetting fan Een brogge van glas) Laandschop, gedichten/keunst (tegearre mei Peter Hiemstra), (2009) Mit et waeter veur de dokter, ferhalen, (2012) Een vrouw van ivoor, roman, 2015 De overkaant van et waeter, gedichten, 2017 Vroeger is veurgoed veurbi'j, roman, 2018 Et liek in de Lende, skriller, 2021 Naozoemerlaand, ferhalen, 2023

Prizen en ûnderskiedings H.J. Bergveld-priis, 1984 foar Naachs goelen de honnen H.J. Bergveld-priis, 1991 foar Een vlinder van zulver Siemonsma Kultuerpriis, 2002 Streektaalpriis 2009 Dagblad van het Noorden, 2010 foar Et geheim van de wiend Stellingwarf-Trofee, 2010 Streektaalprijs 2015 Dagblad van het Noorden, 2016, foar Een vrouw van ivoor Rink van der Veldepriis, 2020, foar Vroeger is veurgoed veurbi’j Sulveren Anjer, 2021

Keppelings om utens Webside Johan Veenstra

Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Skriuwer yn it Stellingwerfsk Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Frysk foardrachtskeunstner Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne yn Wolvegea Kategory:Nijeholtpea Kategory:Persoan berne yn 1946