thumb|right|Justinus van der Brugghen Mr. Justinus Jacob (of Jacobus) Leonard van der Brugghen (Nijmegen, 6 augustus 1804 – Ubbergen, 2 oktober 1863) wie in abbekaat en rjochter út Nymwegen. Van der Brugghen wie antirevolúsjonêr, mar oanhinger fan de etyske rjochting.

Van der Brugghen wie Twadde Keamerlid foar it distrikt Sutfen en waard yn 1856 troch kening Willem III frege as formateur. Hy moast in oplossing fine foar de skoalkwestje, dêr't sawol de liberalen as de protestanten tefreden oer wêze koene.

Van der Brugghen waard sels minister fan Justysje en lieder fan it kabinet-Van der Brugghen. Hy ferdigene it op en nij besjen fan de Leger-ûnderwiswet, dy't net stroke mei de ideeën fan syn politike freon Groen van Prinsterer; dy beskôge him dêrnei net mear as syn freon.

Yn 1858 einige syn ministerskip en politike karriêre.

Boarne Mr. J.J.L. van der Brugghen, Parlement & Politiek

Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk rjochter Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk minister fan Justysje Kategory:Premier fan Nederlân Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Súdgeldersk persoan Kategory:Persoan berne yn 1804 Kategory:Persoan stoarn yn 1863