Frâns Sipkes fan Minnema wie begjin 16e iuw in âlderman yn Ljouwert en lid fan de rie fan de hartoch fan Saksen (1518).
Syn wapen hie lykas dat fan Ljouwert, in liuw. Frans Sipkes wenne op Minnemastate en hie grûn fan de Foarstreek oant de Iewâl. Minnemastate waard letter hotel Nieuwe Doelen. De famylje Fan Minnema is yn 1588 útstoarn.
Kategory:Frysk politikus Kategory:Wethâlder fan Ljouwert Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn de 15e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 16e iuw