thumb|BibTeX BibTeX is programmatuer (Ingelsk:software) om literatuerlisten oan te lizzen en te brûken binnen LaTeX-dokuminten.

BibTeX is makke troch Oren Patashnik en Leslie Lamport yn 1985.

Middels BibTeX kin men yn in LaTeX-dokumint referinsjes oanhelje om automatysk in literatuerlist yn it dokumint te setten. Mei ferskillende bibliografy-stilen kin men de lay-out fan de referinsjes yn de tekst en fan de literatuerlist tige fluch en konsekwint feroarje.

Dokumintsoarten BibTeX ûnderskiedt ferskate dokumintsoarten. Ofhinklik fan it dokuminttype wurdt bepaald hokker fjilden ynfold wurde moatte. Sa hat in artikel yn in wittenskiplik tiidskrift in volume en in number, wylst in boek in publisher hat.

Yn de tabel hjirûnder wurde de dokumintsoarten neamd, mei harren ferplichte fjilden. Neist de ferplichte fjilden, hawwe de soarten ek faak in oantal opsjonele fjilden.

Dokumintsoarte Beskriuwing Ferplichte fjilden article Artikel yn in wittenskiplik tiidskrift author, title, journal, year book In boek mei in útjouwer author/editor, title, publisher, year booklet In bondele wurk sûnder útjouwer title conference Ferfongen troch inproceedings inbook Diel fan in boek, bygelyks in haadstik author/editor, title, chapter/pages, publisher, year incollection Diel fan in boek mei eigen titel author, title, booktitle, publisher, year inproceedings Artikel yn in konferinsjebondel author, title, booktitle, year manual Technyske hantlieding title mastersthesis Ofstudearferslach author, title, school, year misc Alles wat net yn in oar type past Neat phdthesis Dissertaasje author, title, school, year proceedings Konferinsjebondel title, year techreport Undersyksrapport troch in ynstitút author, title, institution, year unpublished Net formeel publisearre author, title, note

(Bron: LaTeX, A Document Preparation System, Leslie Lamport, 1994.)

Utwikseljen fan BibTeX-entries Der besteane ferskillende manieren om BibTeX-entries (de BibTeX-beskriuwing fan in dokumint) út te wikseljen. Sa jout Citeseer by elk dokumint de BibTeX-beskriuwing. Ek besteane der peer-to-peer-útwikseltsjinsten foar BibTeX-entries, lykas Bibster.

Keppeling om utens Webstee Bib TeX

Kategory:Bibliografy Kategory:Softwareprogramma Kategory:Software út 1985