thumb|right Jakobus Karel (Ingelsk: James Charles; Edinburgh Castle, 19 juny 1566 – Theobalds Park (Hertfordshire), 5 maart 1625) wie fan 1567 oant 1625 as Jakobus VI kening fan Skotlân en fan 1603 oant 1625 as Jakobus I kening fan Ingelân. Wat it lêste oanbelanget wie er de earste kening út it Hûs Stuart en de opfolger fan Elizabeth I, de lêste foarst út it Hûs Tudor. Under Jakobus syn bewâld waard it Elizabethaanske tiidrek dat ûnder syn foargongster keninginne Elizabeth ûntstien wie fuortset mei skriuwers as William Shakespeare, John Donne, Ben Jonson en Sir Francis Bacon.

Kategory:Kening fan Skotlân Kategory:Kening fan Ingelân Kategory:Kening fan Ierlân Kategory:Kening fan Wales Kategory:Persoan dy't in moardoanslach oerlibbe hat Kategory:Skotsk publisist Kategory:Skotsk dichter Kategory:Skotsk misdieslachtoffer Kategory:Ingelsk publisist Kategory:Ingelsk dichter Kategory:Ingelsk misdieslachtoffer Kategory:Ingelsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Hûs Stuart Kategory:Persoan berne yn 1566 Kategory:Persoan stoarn yn 1625