De goudûle (wittenskiplike namme: Tyto alba), soms ek de tsjerkûle neamd, of de westlike goudûle ta ûnderskie fan nau besibbe soarten, is in fûgel út it skift fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes), de famylje fan 'e goudûlefûgels (Tytonidae) en it skaai fan 'e goudûlen (Tyto). Dit bist waard foarhinne sjoen as ien fan 'e meast algemien foarkommenden fan alle fûgelsoarten, mar yn 'e ienentweintichste iuw binne twa grutte kloften ûndersoarten ôfspjalten as selsstannige soarten. It oerbliuwende ferspriedingsgebiet beslacht grutte dielen fan Jeropa, Afrika en it Midden-Easten, mar is beslist net mear kosmopolitysk. De goudûle is in middelgrutte ûle mei in opfallend ljocht kleure en foar in part wyt fearrekleed en in hertfoarmich antlit. It is in nachtdier mei in karnivoar dieet, dat benammen bestiet út kjifdieren en oare lytse sûchdieren. De IUCN klassifisearret de goudûle as net bedrige.
Namme De wittenskiplike namme fan 'e goudûle is Tyto alba. De skaainamme Tyto komt fan it Aldgrykske wurd τυτώ, tuto, dat "ûle" betsjut en eins in klankneibearing fan 'e rop fan in ûle is. It soartspesifike diel alba is it Latynske wurd foar "wyt". De betsjutting is dus eins "wite ûle". De Fryske namme foar dizze fûgel is "goudûle", fanwegen de goudkleurige rêch en wjukken. In synonym is "tsjerkûle", korrespondearjend mei de Nederlânsktalige namme kerkuil. Yn it Ingelsk sprekt men fan barn owl, dat letterlik "skuorre-ûle" betsjut. De Noardfryske namme is türnüül: "toerûle". Al dy nammen ferwize nei de wizânsje fan dizze fûgel om te nêsteljen yn troch minsken makke gebouwen.
Taksonomy De goudûle waard yn 1769 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Eastenrykske ornitolooch Giovanni Antonio Scopoli. Hy joech de fûgel oarspronklik de wittenskiplike namme Strix alba, wêrmei't er him yndielde by wat no de wâldûlen (Strix) binne, mar wat doe in sammelbak foar alle ûle-eftigen wie. Syn hjoeddeistige wittenskiplike namme krige de goudûle yn 1828, doe't de Sweedske soölooch Gustaf Johan Billberg it skaai fan 'e goudûlen (Tyto) yntrodusearre, mei de goudûle as typesoarte.
Lang waard derfan útgien dat de goudûle in hast wol kosmopolityske fersprieding hie as ien fan 'e meast algemien foarkommende fûgels fan 'e wrâld. Dêr is yn 'e ienentweintichste iuw feroaring yn kommen, mei't de oarspronklike goudûle (Tyto alba sensu latu, d.w.s. yn brede sin) no as in soartekompleks beskôge wurdt. Nei't earder al de Hispanjoalagoudûle (T. glaucops) de status fan selsstannige soarte krige, wiisden yn 'e 2000-er jierren en de 2010-er jierren de útkomsten fan DNA-ûndersyk derop dat de goudûle yn teminsten fjouwer ûnderskate soarten opspjalten wurde moast. Dêrby gie it om 'e (gewoane) goudûle (T. alba) mei tsien ûndersoarten yn Jeropa, Afrika en it Midden-Easten, de Amerikaanske goudûle (T. furcata) mei tsien ûndersoarten yn 'e Nije Wrâld, de eastlike goudûle (T. javanica) mei sân ûndersoarten yn Súd- en Súdeast-Aazje, Austraalje, súdwestlik Melaneezje en westlik Polyneezje, en de monotypyske Andamanengoudûle (T. deroepstorffi).
Dizze spjalting is akseptearre troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU), mar (noch) net troch oare ornitologyske autoriteiten, lykas BirdLife International, in organisaasje dy't in list fan fûgelsoarten beheart dêr't de gesachhawwende Ynternasjonale Uny foar Behâld fan 'e Natoer (IUCN) him op basearret. It leit lykwols yn 'e reden dat de nije yndieling yn 'e neie takomst algemien akseptearre wurde sil. It is boppedat de ferwachting dat der noch mear ûndersoarten fan 'e goudûle ôfskaat wurde sille ta selsstannige soarten. benammen guon oant no ta min beskreaune ûndersoarten út Afrika lykje dêrfoar yn oanmerking te kommen.
Fersprieding Algemien foarkommen It ferspriedingsgebiet fan 'e goudûle nei de ôfspjalting fan 'e Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), de eastlike goudûle (Tyto javanica) en de Andamanengoudûle (Tyto deroepstorffi) beslacht dielen fan Jeropa, Afrika en West-Aazje. It omfettet frijwol it hiele fêstelân fan Jeropa bewesten in bochtsjende line fan 'e Eastsee yn westlik Litouwen nei de Donaudelta yn Roemeenje. De goudûle komt ek foar op 'e Britske Eilannen, de Kanaaleilannen en de Mediterrane Eilannen (útsein Malta), mar ûntbrekt yn 'e Alpen. Yn eastlik Jutlân, op 'e Deenske Eilannen en Gotlân en yn súdlik Sweden is er útstoarn.
Fierder nei it easten ta komt de goudûle foar by de noardlike, eastlik en súdlike kusten fan 'e Swarte See lâns, op 'e Krim en yn it binnenlân fan westlik Georgje. Yn Lyts-Aazje folget it ferspriedingsgebiet fierders de kusten fan 'e Egeyske See yn it westen en de Levantynske See yn it suden. Yn it Midden-Easten heart de Fruchtbere Healmoanne ta it areaal: fan 'e Negevwoastyn yn súdlik Israel by de kust lâns nei it noarden en dan de rivieren de Eufraat en de Tigris folgjend nei it easten en súdeasten oant de kust fan 'e Perzyske Golf yn súdlik Irak en súdwestlik Iraan. Op it Arabysk Skiereilân komt de goudûle foar by de kusten lâns fan 'e Perzyske Golf, de Golf fan Omaan, de Arabyske See, de Golf fan Aden en de súdlike Reade See.
Yn Afrika hearre de noardlike Magrebregio fan Marokko oant Tripolitaanje ta it ferspriedingsgebiet en de Nyldelling fan 'e Middellânske See oant Sûdaan. Besuden de Sahara begjint it areaal wer yn 'e Sahellannen, mei útrinners nei sokke noardlike kriten as it Berchlân fan Aïr yn Niger en de provinsje Darfoer yn Sûdaan. Dêrwei tint de fersprieding troch oant de de súdpunt fan Afrika by Kaap de Goede Hoop, mei trije útsûnderings: de woastinen yn 'e Hoarn fan Afrika, it Kongoreinwâld fan Sintraal-Afrika en de Namybwoastyn yn Namybje. Ta ein beslút hearre ek Madeara, de Kanaryske Eilannen, de Kaapverdyske Eilannen, Sao Tomee, Bioko, de Komoaren, Majot en Madagaskar ta it areaal fan 'e goudûle. Op 'e Seysjellen is dizze fûgel in troch de minske yntrodusearre eksoat.
Foarkommen yn Nederlân en Fryslân Yn Nederlân, Fryslân ynbegrepen, is de goudûle in frij seldsume simmerfûgel en stânfûgel. Fan maart oant april en op 'e nij fan septimber oant ein novimber komt er ek yn lytse oantallen as trochtrekker foar. en , Petersons Vogelgids van Alle Europese Vogels, Baarn, 1999 (Tirion Uitgevers), ISBN 9 05 21 01 787, s. 147.
Uterlike skaaimerken De goudûle is in middelgrutte ûle mei trochinoar in totale lichemslingte fan 33–39 sm, mei in spanwiidte fan 80–95 sm en in gewicht fan 280–480 g. Oer it algemien binne goudûlen dy't op lytse eilannen libje, lichter en minder grut, mooglik om't sy mear ôfhinklik binne fan it fangen fan ynsekten en dêrom by it fleanen manûvrearberder wêze moatte. Der bestiet in bytsje seksuele dimorfy yn dizze soarte, mei't de mantsjes yn trochsneed likernôch 10% lytser en lichter binne as de wyfkes.
It antlit fan 'e goudûle is net sasear in skiif, mar hat mear de foarm fan in hert. De eagen binne swart en grut, hoewol net sa grut as by ûlefûgels (Strigidae spp.). De snaffel is lyts en skerp en bûcht sterk nei ûnderen ta. De sturt hat in hoekige foarm, yn tsjinstelling ta de rûne sturt fan ûlefûgels. Dat is by it oerfleanen ien fan 'e wichtichste ferskillen yn it silhûet dêr't men in goudûle oan weromkenne kin. In oar ferskil wurdt foarme troch de befearre en ôfhingjende skonken. De teannen hawwe in rôze oant rôzich grize kleur en binne tarist mei skerpe swarte kloeren.
It fearrekleed is wyt yn it antlit en op 'e poaten, en fariëarret fan ljochtbrún oant bêzje op 'e efterholle, yn 'e nekke en op 'e wjukken en sturt. By eksimplaren út Noardwest-Jeropa binne dy lichemsdielen goudkleurich; dêrfandinne de namme 'goudûle'. De kiel is krêmkleurich en it boarst en de bealch binne wyt of wyt besprinzge mei goudene of brune spikkels. Krektsa is it brún of goud fan 'e wjukken soms besprinzge mei swarte spikkels. Sawol leusistyske (folslein wite) as melanistyske (folslein swarte) eksimplaren komme foar, sawol yn it wyld as yn finzenskip, troch in natuerlike genetyske mutaasje. Mar 1 op 'e 100.000 yndividuën is melanistysk.
Ferfearjen dogge wyfkes yn 'e briedtiid, as se op it nêst sitte, troch it mantsje fuorre wurde en dêrom net of skraachoan hoege te fleanen. It mantsje ferfearret letter yn it jier, wannear't de piken hast folwoeksen en dêrom selsrêdich binne en wyfke ek wer foar harsels soarget.
Biotoop Goudûlen komme benammen foar yn wat iepener wâlden, oan 'e boskrânen en yn iepen gebieten mei hjir en dêr wat beammen. Tichte wâlden mije se en itselde jildt foar heechberchtme en de drûchste woastinen, dêr't alhiel gjin beammen groeie. Yn bercheftige kontreien komt de goudûle yn Jeropa foar oant in hichte fan 2.000 m, mar yn tropysk Afrika, lykas yn it Etiopysk Heechlân, oant in hichte fan 3.000 m boppe seenivo.
De oanwêzigens fan beammen is in betingst om rêste en briede te kinnen. As útsjochpunten foldogge eventueel ek keunstmjittige lânskipseleminten, lykas in hikke, ien fan 'e peallen fan in stek of it dak fan in gebou. De goudûle hat him treflik oanpast oan 'e oanwêzigens fan 'e minske yn syn ferspriedingsgebiet. Hy kin goed jeie yn kultuerlânskippen lykas greiden, ikkers of tsjerkhôven en sels yn 'e neite fan minsklike bewenning binnen de beboude kom. Fan âlds nêstelet er yn skuorren, tuorren en oare gebouwen.
Hâlden en dragen
Aktiviteit Lykas de measte ûle-eftigen is de goudûle yn prinsipe in nachtdier, dat benammen aktyf is fan 'e jûnsskimer oant de moarnsdage, wylst er by ljochtskyndei rêst hâldt. Yn it nachtlik tsjuster fertrout er benammen op syn ekstreem skerpe gehoar, hoewol't er ek sjen kin by mar in hiel lyts bytsje ljocht. Op 'e Britske Eilannen en yn Noardwest-Jeropa jaget de goudûle soms ek oerdeis. It tinken is dat dat te krijen hat mei swiere rein yn 'e foargeande nacht, dy't it jeien sterk behinderet. In probleem mei jeien oerdeis is dat goudûlen (en oare ûlen) dan gauris dwerseide wurde troch oare fûgels, lykas de ekster (Pica pica), de roek (Corvus frugilegus) en de kob (Chroicocephalus ridibundus), dy't harren lestich falle en efterfolgje en troch har lûdroftigens mooglike proaien ôfskrikke. Soms helje se de goudûle dêrby sa it bloed ûnder de neilen wei, dat er harren oanfalt. Dêrfan binne ferskate dokumintearre gefallen wêrby't in roek troch de goudûle ûnthalze waard.
Honkfêstens De goudûle wurdt oer it algemien beskôge as in stânfûgel. De mearderheid fan 'e yndividuën is tige honkfêst is en bringt hast it hiele libben op of deunby ien lokaasje troch. Op 'e Britske Eilannen lykje jonge goudûlen har te fersprieden fia korridors dy't de rivieren folgje. Ornaris dwale se net fierder as 9 km fan har berteplak ôf. Op it fêstelân fan Jeropa is de ferspriedingsôfstân grutter, faak 50–100 km, mei in dokumintearre maksimum fan in tige útsûnderlike 1.500 km. Dêrby gie it om fûgels dy't yn Nederlân ringe wiene en dy't weromfûn waarden yn Spanje en de Oekraïne. Yn Afrika is de ferspriedingsôfstân ferlykber mei dy yn Jeropa. Dokumintearre maksima binne dêr 1.000 km fan Senegal nei Sierra Leöane en 579 km binnen Súdlik Afrika.
Kommunikaasje Oars as dat faak tocht wurdt, ropt de goudûle net fan hûûû-hûûû, lykas ûlefûgels (Strigidae spp.). Ynstee produsearret er in karakteristike skelle, útrutsen skreau dy't fan sjriii klinkt, en dy't sa lûd is dat er fan deunby suver wol skea oan jins gehoar tabringe kin. By nacht klinkt dat fan in ôfstân tige njoer. Mantsjes dy't nei in wyfke stykje, bringe in skel tsjirpjen fuort. Om ynkringers fuort te jeien, siizje goudûlen as wiene it slangen. Oare lûden dy't goudûlen meitsje, binne in spinnend tsjirpjen, dat tefredenens oanjout, en in lûd dat klinkt as kii-jak, en dat wol wat wei hat fan 'e fokalisearrings fan 'e wâldûle (Strix aluco).
Territorialiteit en rêstplakken