De fjildmosk (Passer montanus) is in lytse sjongfûgel út de famylje fan 'e moskfûgels.

Beskriuwing thumb|left|Fleanende fjildmoskjes. De fjildmosk wurdt likernôch 14 sm grut en is in fraksje lytser as de hûsmosk. Sawol it mantsje as it wyfke hawwe in kastanjebrune krún, in swart wangplak en in wite halsring. Troch it swarte wangplak is de fjildmosk goed te ûnderskieden fan 'e hûsmosk. De boppekant is brún mei swarte streken en de ûnderkant is ljochtgriis. Oars as by de hûsmosk is der gjin ûnderskied yn it fearrekleed tusken mantsjes en wyfkes fan 'e fjildmosk.

Fersprieding en leefgebiet De soarte komt foar yn grutte dielen fan Jeropa, Aazje en de Yndyske Arsjipel en telt njoggen ûndersoarten:

P. m. montanus: fan Jeropa oer noardlik en sintraal Aazje oant noardeastlik Sibearje en noardeastlik Mongoalje. P. m. dybowskii: súdeastlik Sibearje, noardeastlik Sina en noardlik Koreä. P. m. transcaucasicus: fan eastlik Turkije en de Kaukasus oant Armeenje en Iran. P. m. kansuensis: it noardlike diel fan Sintraal-Sina. P. m. dilutus: fan súdlik Kazachstan en eastlik Iran oant noardwestlik Sina en súdlik Mongoalje. P. m. tibetanus: fan Tibet oant Sintraal-Sina. P. m. saturatus: fan Sachalin, de Koerilen en Japan oer eastlik Sina nei Taiwan en de noardlike Filipinen. P. m. hepaticus: noardeastlik Yndia, súdeastlik Tibet en Birma. P. m. malaccensis: súdlik Sina, Súdeast-Aazje, Sumatra, Java en de súdlike Filipinen.

De fjildmosk is in briedfûgel dy't graach yn holtes fan beammen yn 'e buert fan pleatsen, parken, ikkers en greiden nêsket. It meartal fan 'e fjildmosken is stânfûgel, guon Nederlânske fjildmosken doarmje winterdeis om (bygelyks troch Frankryk). Oare fjildmosken komme krekt út Noard- en East-Jeropa nei Nederlân.

Nederlân Sûnt de jierren 1970 binne de oantallen fjildmosken yn Nederlân mei mear as 70% ôfnommen. Dêr binne ferskillende oarsaken foar oan te wizen, lykas de isolaasje yn moderne nijbou, dy't gjin romte biedt foar de fjildmosken om te brieden. De fjildmosk libbet oan rânen fan doarpen en lytsskalige en tradisjonele lânskippen. Troch ruilferkaveling, de skaalfergrutting yn 'e lânbou, stedsútwreidingen of troch de oanlis fan grutte yndustryterreinen ferliest de fjildmosk in soad fan dat habitat. In oare oarsaak fan 'e delgong is it ferfangen fan nôttylt troch maïskultuer. De Nederlânske populaasjes fan 'e fjildmosk konsintrearje harren benammen yn 'e noardlike provinsjes, Oerisel en de Kop fan Noard-Hollân.

De fjildmosk stiet sûnt 2004 as gefoelich op 'e Nederlânske Reade List. Neffens SOVON fluktuearret it oantal briedpearen yn 'e perioade 1990-2007 tige bot en brieden der yn 2007 noch likernôch 100.000 pear. Ut tellingen, dy't bûten de briedtiid dien waarden, die in stadige mar signifikante delgong bliken.

Hâlden en dragen It iten fan 'e fjildmosk bestiet út sied, nôt, ynsekten en larven. thumb|left|Aaien fan 'e fjildmosk. De fjildmosk briedt fan ein april oant july, somtiden yn koloanjes. In wyfke briedt twa oant trije kear en leit twa oant sân wite en glânzjende aaikes mei plakjes. Se briede yn natuerlike holtes, ûnder dakpannen, yn skuorren en nêstkasten mar ek yn grutte nêsten fan fûgels lykas earrebarren. It brieden duorret twa wiken en de jongen ferlitte nei 15 oant 20 dagen it nêst.

Status De soarte stiet as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade List fan 'e IUCN. De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet dat fan Ierlân oant in grut diel fan Aazje rint, wêrûnder Japan en de Yndyske Arsjipel. It is net bekend wat de trend fan 'e wrâldpopulaasje is, dy't yn 2012 op 215.000.000 oant 305.000.000 fûgels rûsd wurdt.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mosk Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje