De skries (Limosa limosa) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e snipfûgels yn it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes)..
De skries is ien fan 'e meast bekende greidefûgels. Wol hâldt de skries fan wat sompiger greiden. Op 'e hjoeddeistige greiden mei in leech wetterpeil fielt er him net thús. De skries is dêrom de lêste tiid yn tal hurd efterútbuorke. De skriezen sykje harren iten mei harren lange snaffel yn 'e grûn, it leafst yn ûndjip wetter.
De skries wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as skrie of grito.
Skaaimerken De skries is 37 oant 42 sm lang, hat in spanwiidte fan 63 oant 74 sm en weaget 280 oant 500 gram. Dêrmei is de soarte grutter as de besibbe heawylp, dy't by ús oerwinteret. Wyfkes binne likernôch 20% swierder as mantsjes. Trochstrings wurde skriezen 10 oant 15 jier âld, mei útsjitters oant wol 29 jier. De âldste skries waard yn april by Krommenie fûn. Troch de ring om 'e poat koe de âldens fan 'e fûgel fêststeld wurde op 29 jier, 9 moanne en 8 dagen.
Syn lange, rjochte snaffel is oranje by de basis en einiget yn in swarte punt. It folwoeksen mantsje is yn it briedkleed readbrún op 'e kop, nekke en it boarst. De boppekant is brúngriis en de ûnderkant is wyt mei donkere markearrings. It wyfke is wat bleker fan kleur. yn 'e flecht is in dúdlike wite wjukbân sichtber. De stút is wyt en de sturt is swart. Winterdeis oerhearskje brúngrize kleuren. Juvenilen ha in kanielbrune gloed oer it boarst
Ofbylden skries.
Fersprieding en systematyk It briedgebiet fan 'e skries rint fan Yslân oant it easten fan Sibearje. De oerwinteringsgebieten lizze yn Súd-Jeropa, Afrika en sels Austraalje. Mei de fûgeltrek binne de skriezen ek in protte yn 'e waadgebieten te sjen.
De soarte waard taksonomysk foar it earst beskreaun as Scolopax limosa troch Linnaeus yn 1758. De wittenskiplike namme stamt ôf fan it Latynske limus, wat "klaai" betsjut. Hjoed-de-dei wurdt de soarte yn it skaai Limosa yndield. De skries wurdt hjoed-de-dei meastentiids opdield yn fjouwer ûndersoarten: thumb|250px|Briedgebiet ûndersoarten. Yslânske skries (L. l. islandica (C. L. Brehm, 1831)) – briedt op Yslân, de Shetlandeilannen, de Orkney-eilannen en by de Lofoten. De soarte briedt ek ûnregelmjittich op de Fêreu-eilannen. De fûgels dy't winterdeis yn Nederlân sjoen wurde (benammen yn Seelân) binne fan dizze ûndersoarte. Jeropeeske skries (L. l. limosa) – de nominaatfoarm briedt yn Jeropa en westlik Aazje. L. l. melanuroides (Gould, 1846) – briedt yn isolearre gebieten yn Sibearje beëasten de Jenisej, yn eastlik Mongoalje en yn noardeastlik Sina (populaasjes yn noardeastlik Sibearje binne nei alle gedachten bohaii); oerwinteret fan Yndia, Yndo-Sina, Taiwan en de Filipinen nei it suden ta oant Yndoneezje, Nij-Guineä, Melaneezje, Austraalje en wierskynlik Nij-Seelân. L. l. bohaii (Zhu m.fl. 2020) – it krekte briedgebiet is ûndúdlik mar wierskynlik yn noardeastlik Sibearje; it ferspriedingsgebiet winterdeis is likemin folslein bekend, mar de soarte is waarnommen fan Hongkong en Fjetnam oant Tailân en Maleizje.
Nederlân thumb|Skries op 'e hikke. De fûgel komt yn 'e legere dielen fan ús lân foar. Bolwurken binne de fochtige, wiete klaai- en feangrûn mei konsintraasjes yn Fryslân, de Kop fan Oerisel, Noard-Hollân benoarden it Noardseekanaal en it Griene Hert. Op 'e hege grûnen is de soarte net algemien en oan 'e rivieren allinnich lokaal frij talryk. Om 1975 hinne waarden der noch 120.000 briedpearen yn Nederlân teld, al wie der doe ek al in tebekgong. Dy delgong hat trochset, wêrby't de fûgel út de hegere dielen fan Nederlân ferdwûn en de soarte him yn legere dielen allinnich noch mei in behearsoerienkomst hanthavenet. Alhoewol't ûntwikkelingen lykas it legere wetterpeil, ier meanen en de jacht lykas yn Frankryk in rol spilen by de delgong fan 'e fûgel, is ek predaasje in grutte bedriging. In grut tal piken ferdwynt yn 'e mage fan rôfdieren. In protte nêsten wurde troch seefûgels of krieën leechrôve. De skriezen meie dan ek graach yn 'e buert fan ljippen en tsjirken briede, sadat de nêsten mei syn allen ferdigene wurde kinne.
Ekology Briedgedrach thumb|left|Aai mei pykje. As de fûgels yn maart fan 'e wintergebieten weromkomme, bliuwe se earste yn ûndjip wetter of wiet gerslân noch in skoft byinoar. De groep falt yn april út inoar en dan begjint it brieden. In lechsel bestiet trochstrings út fjouwer aaien. De fûgels briede om bar op 'e aaien. Wylst it gers langer wurdt ûnder it brieden, wurdt it nêst geandewei better kamûflearre. Nei it útkommen fan 'e aaien passe de âlden noch sa'n fjouwer wike op 'e piken. Dit meie se graach dwaan troch op in hikkepealtsje de jongen te opstrewearjen.
Iten De skries yt wjirms, ynsekten, larven. Yn 'e oerwinteringsgebieten ite se ek rys op rysfjilden.
Status De skries is de lêste tsien jier yn grutte parten fan Jeropa bot yn oantal ôfnommen. De Jeropeeske populaasje fan 'e nominaatfoarm L. l. limosa wurdt rûsd op 99.000–140.000 pear. Dêrfoaroer groeide de populaasje fan 'e ûndersoarte L. l. islandica sûnt de midden fan 'e jierren 1980 en hjoed-de-dei wurdt dy populaasje op 15.000 oant 25.000 pearen rûsd. Dochs nimt de wrâldpopulaasje ôf en in ûndersyk hat útwiisd dat de globale populaasje de lêste 15 jier mei 30% ôfnommen is. Fanwegen dy delgong wurdt de soarte op 'e Reade List fan 'e IUCN as gefoelich (NT) klassifisearre. De wrâldpopulaasje wurdt yn totaal rûsd op 450.000–585.000 folwoeksen yndividuen.
Sjoch ek List fan fûgels
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Skries Kategory:Greidefûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara