De hjerringslynder (Podiceps cristatus), ek wol grutte Ieldûker, ielslynder as kroandûker, is in wetterfûgel yn it skaai dûkers (Podiceps) út de famylje dûkerfûgels (Podicipedidae). De hjerringslynder is in tige bekende ferskining yn Fryslân en komt sels yn stedsgrêften foar.

Uterlik thumb|left|Balts. De hjerringslynder is in 46 oant 51 sintimeter lange fûgel mei in wjukspanwiidte fan 59 oant 73 sintimeter. De soarte leit leech yn it wetter en hat in lange smelle hals dy't meastentiids rjocht holden wurdt of, yn 'e rêst, ynlutsen mei de kop op 'e rêch. De snaffel is lang en smel en foar in grut part ljocht. Yn it briedkleed hat de soarte grutte swarte plûmen, in wyt gesicht mei in oranje kraach mei in swarte kraach fuort ûnder de kop. By de balts set er de plommen en de kraach op en yn gefal fan gefaar drukt er de fearren plat tsjin de kop. De boppedielen binne swartbrún en geane nei ûnderen ta oer yn griisbêzje. Under is de hjerringslynder wyt. Oan 'e teannen ha hjerringslynders lobben ynstee fan swimfluezen. It each fan 'e hjerringslynder is opfallend read. De skaaien binne gelyk.

Nei it ferfearjen hat de hjerringslynder gjin plûmen en gjin kraach. De kop, foarhals en flanken ha mear wyt as oare dûkers, mei wyt boppe it each en in smelle swarte streek tusken it each en de snaffel.

De piken fan 'e hjerringslynder ha in griiswyt dûnzich fearrekleed mei swartwite streken.

Ofbylden

Fersprieding De hjerringslynder hat in grut ferspriedingsgebiet en komt foar yn in grut part fan Jeropa en Sintraal-Aazje oant yn it noardeasten fan Sina en oangrinzgjende dielen fan Ruslân en tige lokaal op it noardlike diel fan Honshu. De soarte briedt yn dielen fan Afrika fariearjend fan Tuneezje en Egypte yn it noarden oant in pear lokaasjes yn Sintraal-Afrika en fierder nei súdlik Afrika. De soarte komt ek foar yn Austraalje en Nij-Seelân, mar net yn 'e dêr tuskenlizzende regio's yn Aazje. Alhoewol't it grutste part fan 'e wrâldpopulaasje trekt, giet dat meastentiids om koarte ôfstannen. Oerwinteringsgebieten binne û.o. Súd-Aazje oant yn Yndia en Japan, Koreä en it eaten fan Sina.

De hjerringslynder wurdt yn 'e regel yn trije ûndersoarten ferdield:

P. c. cristatus – briedt yn Jeropa, Aazje en Noard-Afrika. P. c. infuscatus – briedt lokaal yn Afrika súdlik fan 'e Sahara. P. c. australis – briedt yn dielen fan Austraalje, Tasmaanje en Nij-Seelân.

Nederlân De hjerringslynder is yn in grut part fan Nederlân in algemien foarkommende fûgel yn wettergebieten. Yn 'e drûgere eastlike en súdlike dielen fan it lân komt de fûgel folle minder faak foar. Salang froast útbliuwt sille de fûgels winterdeis yn 'e briedgebieten bliuwe. Dêrnjonken binne se yn gruttere oantallen yn it Deltagebiet, it Iselmargebiet en oan grutte rivieren te sjen. By strange froast migrearje de hjerringslynders nei iepen sâlt wetter, fral yn Súdwest-Nederlân. Somtiden wurde dan tûzenen hjerringslynders op see waarnommen.

Yn Nederlân groeide de populaasje yn 'e 20e iuw nei't de fûgel better beskerme waard. Mear dongstoffen yn it wetter late ek ta in gruttere fiskstân en dus in heger oanbod fan iten foar de hjerringslynder. Ek waard de fûgel minder skruten en is er hjoed-de-dei folle faker yn stêden te sjen. Healwei de jierren 1990 kaam der in ein oan 'e groei fan 'e populaasje en wie der in lichte delgong. Dat is fral troch it weromkringjen fan dongstoffen yn it wetter, itjinge minder fisk foar de hjerringslynder betsjut.

Ekology Lykas de readhalsdûker hat de hjerringslynder relatyf lytse wjukken. Dêrtroch kin de fûgel net fuort fan it lân opfleane, mar hat er in frij lange oanrin oer it wetter nedich om faasje te meitsjen foardat de fûgel fleane kin. Lykas alle dûkers is de hjerringslynder in tige betûfte dûker dy't de poaten brûkt om ûnder wetter te swimmen. Dat docht de fûgel om op fiskjes te jeien.

Yn april/maaie begjinne de hjerringslynders mei pearfoarming. Dat dogge se op in opfallende wize. Se draaie om elkoar hinne en geane rjochtop stean. Ek biede se elkoar reid en oar nêstmateriaal oan. It nêst is in bulte plantemateriaal dy't yn it wetter driuwt, net fier fan 'e wâl. Se nêskje op puollen, marren, mar ek yn stedsfivers en yn grêften. Mei in soad iten yn 'e buert kinne de fûgels ek yn lytse koloanjes briede.

De fûgels briede sa'n 27-29 dagen op 4 aaien. De swart-wyt streke jongen kinne fuortendaliks swimme, mar se binne noch in skoft fan 'e âlden ôfhinklik foar harren iten. Se farre ek geregeld mei op 'e rêch fan harren âlden. Bytiden dûke se sels mei as heit of mem ûnder wetter dûkt.

Status De hjerringslynder hat in tige grut ferspriedingsgebiet en in grutte wrâldpopulaasje. De populaasjetrend is net bekend (2026), mar de IUCN beskôget de soarte as net bedrige (Least Concern).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûker Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia