De Omgong fan Frankryk (Frânsk: Tour de France, ek wol Le Grand Boucle) is in wrâldferneamde hurdfytswedstryd yn Frankryk. Mei de Omgong fan Itaalje en de Omgong fan Spanje is it ien fan de saneamde Grutte Omgongen, de wichtichste en dreechste eveneminten fan it hurdfytsseizoen. De Omgong fan Frankryk jildt fan dy trije grutte omgongen as de earfolste wedstriid, en wurdt yn etappen troch gâns Frankryk fytst. It begjin is somtiden yn in oar lân, mar de oankomst is altiten yn Parys, sûnt 1975 leit de finishstreek op de Champs-Élysées. De earste edysje fan 'e Omgong fan Frankryk waard ferriden yn 1903. De koprinner yn it algemien klassemint draacht de Giele Trui. Njonken it algemien klassemint besteane der noch ferskate oare klasseminten, lykas it berchklassemint (mei de Boltsjestrui), it punteklassemint (mei de Griene Trui) en it jongereinklassemint (mei de Wite Trui).
Skiednis Unstean Begjin 20ste iuw hie Frankryk twa foaroprinnende Frânske sportkranten, L'Auto-Vélo en Le Vélo. Le Vélo, de sponsor fan de hurdfytsklassiker Bordeaux-Parys, wie fierwei de bêst ferkeapjende krante; de oplaach bedroech 80.000 foar 20.000 oer fan L'Auto-Vélo. Henri Desgrange, haadredakteur fan L'Auto-Vélo en earste wrâldoerrekôrhâlder, woe dêr wat oan dwaan en tegearre mei Géo Lefèvre kaam er op it idee in Omgong fan Frankryk foar hurdfytsers te organisearjen. thumb|left|200px|Omgong fan Frankryk 1903
Op 16 jannewaris 1903 ferlear Desgrange in wichtich proses tsjin syn konkurrint Griffard fan Le Vélo. Desgrange moast de namme Vélo út de titel fan syn krante skrasse. Haat wâle op. Desgrange liet lykwols de moedfearren net hingje en trije dagen letter, op 19 jannewaris, waard de earste Omgong fan Frankryk oan de parse foarsteld. Dit foarstel waard lykwols net fuortendaliks entûsjast ûnthelle, sadat de inisjatyfnimmers bang wiene dat de Omgong der nea komme soe. In wike foar it sluten fan de ynskriuwingen hiene mar 15 hurdfytsers harren ynskreaun. Dat wie op 6 maaie. De earste Omgong soe begjinne op 1 juny en duorje oant 5 july. Fan needs moast Desgrange al in tal dingen tajaan. De earste Omgong soe pas op 1 july 1903 úteinsette en it startjild waard troch de helte dien. Uteinlik skreaune 108 hurdfytsers harren yn, en 60 dêrfan ferskynden op 1 july ek echt oan de startline. De Omgong bestie út seis etappes. Om nei te gean oft de hurdfytsers it foarsjoene parkoers ôfleine, wiene ûnderweis kontrôleposten ynstallearre. Uteinlik rieden fan de 60 mar 21 hurdfytsers de wedstriid út. Maurice Garin wûn mei in foarsprong fan hast trije oeren op de nûmer twa, al wie it, de perikels yn de omgong fan it dêropfolgjende jier yn acht nommen, wol de fraach oft er echt de hiele omgong op de fyts folbrocht hie.
Iere ûntwikkelingen Nei de earste Omgong waard yn 1904 in twadde edysje organisearre, it iennige ferskil wie dat yn 1903 hurdfytsers harren ynskriuwe koene foar ien of mear ritten, mar yn 1904 mochten dielnimmers harren allinne noch mar ynskriuwe foar de hiele omgong. Spitigernôch wiene der yn dizze twadde edysje in tal swierrichheden. Yn it foarste plak gie it dêrby om aksjefierende omwenjenden, omdat de omgong harren nachtrêst fersteure soe (doe waard der ek nachts koerst). Fierders foelen op de Col de la République supporters fan Faure de achterfolgjende Garin lestich, wiene der strjitten dêr't bewust glêsdiggels struid wiene en waard de koers fersteurd troch fjochtpartijen. In fûl swierwaar makke de slotrit yn it Parc des Princes ûnmooglik. De Union Vélocipédique de France die ûndersyk nei wat der yn de omgong fan 1904 bard wie. De earste fjouwer fan it einklassemint waarden úteinlik nei oanlieding fan dat ûndersyk diskwalifisearre. Se hiene har ûnderweis skuldich makke oan ûntelbere oertrêdings: hjir en dêr de trein nommen, binnendykjes keazen, har lûke litten en gean samar troch. Resultaten: Pothier waard libbenslang útsletten, Garin mocht twa jier net mear koerse en de fyfde yn it einklassemint, Henri Cornet, waard úteinlik ta einwinner fan 1904 útroppen.
It jier dêrnei kaam Desgrange mei in tal wizigingen op de lapen. Ynstee fan seis wiene der no alve etappes en mei de Ballon d'Alsace en de Col Bayard waarden de Fogezen en de Alpen foar it earst oandien. Noch in jier letter kaam Desgrange wer mei in nijichheidsje. De lêste kilometer fan in rit waard tenei oanjûn mei in flagge yn de foarm fan in reade trijehoeke. Yn 1910 waard de Tourmalet, yn 'e Pyreneeën, foar it earst yn de rûte opnommen. De hurdfytsers wiene lykwols net te sprekken oer dizze nije probearsels. Se skolden Desgrange út foar moardner en al wat net moai wie. Hoewol't der yn 't generaal gjin deaden foelen yn de Pyreneeënritten, wie der dochs in stjergefal. Hurdfytser Adolphe Hélière krige, op de rêstdei by in swimpartijtsje yn see by Nice, in hertoanfal en ferdronk. Yn 1911 soe Desgrange it noch heger sykje, want doe stie der in Alpenrit oer de Galibier op it programma.
Yn 1919 waard de Giele Trui yntrodusearre, sadat suporters en sjoernalisten de lieder goed waarnimme koene. Wêrom giel? Ienfâldichwei om't de organisearjende krante, L'Auto, op giel papier drukt waard. Op 19 july 1919 waard Eugène Christophe de alderearste drager fan de Giele Trui. Yn 1933 waard it berchklassemint ynfierd foar de bêste klimmers ûnder de hurdfytsers, de earste winner fan dit klassemint wie de Spanjert Vicente Trueba. De ferneamde byhearrende Boltsjestrui waard lykwols pas yn 1975 yntrodusearre.
Heechtijdagen Oprjochter fan de Omgong fan Frankryk Henri Desgrange ferstoar yn 1940; yn 1949 waard op de Galibier in monumint foar him oprjochte. Yn 1926 waard foar it earst net út Parys wei ôfset, mar fungearre Évian as startplak. Fan 1905 ôf waarden der bergen beklommen, mar yn 1952 wie it de earste kear dat der in etappe boppe op in berg oankaam, op de Alpe d'Huez. De rit begûn yn Lausanne en de Italjaan Fausto Coppi wûn. De oankomst lei yn 1952 net hielendal boppe-oan, mar yn it doarpke Huez, likernôch op de helte fan de klim dy't hjoed-de-dei oant hielendal boppe riden wurdt. thumb|left|200px|Start fan de Omgong fan Frankryk 1954 yn Amsterdam By it 50-jierrich bestean fan de Omgong fan Frankryk yn 1953 waard it punteklassemint ynfierd. De lieder fan dit klassemint krige in Griene Trui. De griene kleur wie te tankjen oan de earste sponsor, in fabrikant fan gersmeaners. In jier letter begûn de Omgong foar it earst bûten Frankryk, nammentlik yn Amsterdam, de haadstêd fan Nederlân.
Yn 1957 debutearre de Frânsman Jacques Anquetil yn 'e omgong en wûn fuortendaliks. Hy soe de earste wêze dy't it slagge om de omgong fiif kear te winnen. Tsien jier letter, yn 1967, foel der in deade te betreurjen by de beklimming fan de Mont Ventoux. De Ingelske hurdfytser Tom Simpson stoar as gefolch fan it brûken fan amfetaminen. Yn kombinaasje mei de hjitte, de swiere beklimming en problemen mei de mage waard dat him fataal.
Yn 1968 waard de oankomst fan de slotetappe foar it earst hâlden op de hurdfytsbaan fan Vincennes; foarhinne waard der altyd oankaam yn it Parc des Princes. Jan Janssen wûn dêr as earste, en as earste Nederlanner, de Omgong troch yn de lêste rit it giel ôf te nimmen fan de Belch Herman Vanspringel. Fiif jier nei de lêste oerwinning fan Anquetil begûn in nij haadstik yn de skiednis fan de omgong, dat fan Eddy Merckx. It slagge de Belch, krekt as Anquetil, en win de Omgong fiif kear. Yn 1975 wie de finish fan de Omgong fan Frankryk foar it earst op de Champs-Élysées. De folgjende dy't it slagge de Omgong fiif kear te winnen, wie de Frânsman Bernard Hinault. Yn 1988 stie der foar it earst in Fries oan de start fan de Omgong fan Frankryk. Wiebren Veenstra fan De Harkema helle dat jier de finish net, mar yn syn twadde en lêste Omgong yn 1991 waard er 157ste.
De folgjende yn it rychje fan fiiffâldige Omgongwinners wie de Bask Miguel Induráin. Hy regearre yn it begjin fan de njoggentiger jierren. Syn lêste oerwinning op Frânske diken, yn 1995, foel gear mei it ferstjerren fan Casartelli. De Italjaan Fabio Casartelli kaam raar te fallen by de ôfdaling fan de Col de Portet-d'Aspet. De 24-jierrige Olympyske kampioen fan Barcelona '92 stoar oan de oprûne ferwûningen. Op it plak fan it ûngelok stiet no in tinkteken foar Carsatelli. thumb|200px|right|Pieter Weening en Andreas Klöden krekt oer de finish yn Gérardmer
Dopingskandalen Yn 1998 waard, foar it begjin fan de Omgong, fersoarger Willy Voet fan de Festina-ploech trappearre mei in grutte hoemannichte epo yn syn auto. Der waard strang kontrolearre en de Nederlânske ploech TVM, de Frânske ploech Festina en alle Spaanske ploegen waarden út de Omgong set. Ploechlieder Cees Priem fan TVM bedarre efkes yn de Frânske finzenis. Fanwegen it hurde optreden fan de Frânske justysje wie der healwei de santjinde etappe in fytserssstaking wêrby't alle hurdfytsers harren rêchnûmers ferwideren. Mar 96 fan de 189 starte hurdfytsers hellen de einstreek yn Parys. Fanwegen dizze perikels krige de Omgong fan 1998 de bynamme Le Tour Noir of Le Tour Dopage. Yn de jierren dêrnei folgen ferskate dopingskandalen inoar op. Sa moast sânfâldich omgongswinner Lance Armstrong syn titels ynleverje as gefolch fan dopinggebrûk. Foar dy edysjes waarden der gjin nije winners oanwiisd.
Lettere jierren Yn 2005 waard der foar it earst in omgongsetappe wûn troch in Fries. Yn de achtste etappe kape de fan De Harkema ôfkomstige Pieter Weening, fytsend foar de Rabobank-ploech, yn Gérardmer mei 9,6 milimeter ferskil de oerwinning foar de noas fan de Dútske hurdfytser fan T-Mobile Andreas Klöden wei.
Yn 2012 waard foar it earst de Planche des Belles Filles, in 1148 meter hege berchtop yn de Fogezen, opriden. De Ingelsman Chris Froome wie de earste winner op dizze tige steile berch.
Yn 2019 moast de 19de etappe ôfbrutsen wurde. De plande oankomst wie de Montée de Tignes. As gefolch fan minne waarsomstannichheden (oerfloedige hagel) waard it parkoers foar Tignes blokkearre troch ierdferskowingen en besleat de organisaasje de wedstriid stil te lizzen. Fierder besleat de organisaasje dat der gjin etappewinner en gjin winner fan de striidberens foar dizze etappe oantsjut wurde soene. De tiden fan oankomst op de Col de l'Iseran binne brûkt foar it algemien klassemint. NOS, 26 july 2019 - Touretappe geneutraliseerd vanwege slechte weersomstandigheden
De omgong fan 2020 waard útsteld oant 29 augustus, as gefolch fan de koroanapandemy. It wie foar it earst sûnt de ein fan de Twadde Wrâldkriich dat de Omgong fan Frankryk net yn de moanne july ferriden waard. Yn 2024 lei de einstreek yn Nice om't in pear dagen nei de finish fan de Omgong de Olympyske Simmerspullen 2024 yn Parys organiseare waarden. In 2026 gie de lêste etappe fan start op de Champs-Élysées om't de etappe ynkoarten wurde moast fanwegen in te koart oan helptsjinsten. NOS.nl, 25 july 2026, Slotetappe Tour de France ingekort, hulpdiensten nodig bij bosbranden Rieplachte op 26-7-2026
700px|left|thumb|Oankomst op de Champs-Élysées
Omgong fan Frankryk foar froulju De Tour de France Femmes of Omgong fan Frankryk foar froulju is in meardeiske hurdfytswedstriid foar froulju yn Frankryk. Tusken 1984 en 2009 wiene der ferskate wedstriden dy't sjoen waarden as de Omgong fan Frankryk foar froulju. Fan 2014 oant en mei 2021 waard ûnder de Omgong fan Frankryk foar manlju in wedstriid fan ien dei foar froulju (La Course) organisearre troch it ynternasjonaal hurdfytsbûn ASO. Fan 2022 ôf is der wer in etappekoers fan mear dagen.
Omgong fan Frankryk yn sifers