Fanta is in koalsoerhâldende frisdrank fan The Coca-Cola Company. Fanta is begûn as sinesappeldrank mei koalsoer. Yn 2009 hat Fanta ferskate smaken lykas Orange,
Skiednis Fanta ûntstie yn de Twadde Wrâldkriich, yn 1940, yn it Dútske Essen doe't Coca-Cola Dútslân net mear oan de goede yngrediïnten foar Coca-Cola komme koe en dêrom in ferfangende frisdrank neffens eigen resept makke. Om't kontakt mei it haadkantoar fan Coca-Cola yn Atlanta net mooglik wie, is Fanta ûntwikkele sûnder tastimming of oerlissnopes.com, 29 april 2011, The Reich Stuff?. De namme waard yn in brainstoarmsesje betocht as ferkoarte foarm fan it Dútske wurd Fantasie. Yn 1941 waard Fanta registrearre as in Dútsk merkcoca-cola-deutschland.de Fanta: Made in Germany Nei de kriich binne de merknamme en it resept fan Fanta oerdroegen oan it haadkantoar. Ek yn Nederlân is yn de Twadde Wrâldkriich troch it Coca-Cola-fabryk yn Amsterdam in produkt ûnder de namme Fanta op de merk brocht. It Nederlânske resept wie op basis fan flearssopPeter Zwaal, Nederlandse oorlogs-Fanta, 2015. Alle frisdranken dy 't ûnder de merknamme Fanta útbrocht binne nei de Twadde Wrâldkriich hawwe neat mear fan dwaan mei dy oarspronklike farianten út de kriich.
Kategory:Frisdrinken Kategory:Merknamme Kategory:Yntroduksje út 1940