It Frysk Sportgala is in barren wêrby't ferskate prizen útrikt wurde dy't de sport yn Fryslân en Fryske sporters oanbelangje. It barren wurdt yn 2010 foar it earst organisearre troch de provinsje Fryslân, de gemeente It Hearrenfean, Sportstêd It Hearrenfean, Topsport Stipepunt Noard, De Friesland Zorgverzekeraar en SPORT Fryslân. De priis bestiet út in byldsje fan Pim Mulier ûntwurpen troch keunstner Ruud Peters.

Haadûnderdiel is útrikking fan de Fryske Sportpriis. Sjoch ek: List fan Fryske Sportpriiswinners

Fierders wurde yn 7 kategoryen prizen útrikt oan sporters dy't har yn Fryslân op sportgebiet it meast fertsjinstlik makke hawwe: Sportstimulearringspriis: sportfrijwilliger Sportman, foar de bêste yndividuele manlike sporter Sportfrou, oan de bêste yndividuele froulike sporter Beheinde sporter Sportploech Sporttalint, dat op punt fan trochbrekken as topsporter stiet Sportpriis Fryske sporten: bêste yndividuele sporter dy't in Fryske sport beoefenet

De oeuvrepriis wurdt takend troch de provinsje Fryslân op foardracht fan de sjuery. By seis kategoryen mei it Fryske pyblyk har stim útbringe. De winners binne foar de helt troch it Fryske publyk bepaald. De oare helte is bepaald troch de nominaasjekommisje. Dizze kommisje wurdt fertsjintwurdige troch sportsjoernalisten fan de Fryske media: Omrop Fryslân, Ljouwerter Krante, Frysk Deiblêd en troch Sport Fryslân en Topsport Noard.

Keatster Afke Hylkema krige yn 2010 de Oevrepriis.

Ferkiezings Jier Sportman Sportfrou Oeuvrepriis Sportploech Sporttalint Fryske sporter Beheinde sporter Stipepriis 2017 2016 Pieter Weening Sanne Wevers/Marit Bouwmeester,Tristan Bangma Bart Helmholt ploegenefterfolging reedriden froulju Antoinette de Jong, Ireen Wüst en Marrit Leenstra Suzanne Schulting Marrit van der Wal Liesette Bruinsma en Alyda Norbruis 2015 Sjinkie Knegt Marit Bouwmeester Maria Sterk follybalklub Snits Marrit Steenbergen Dirk Jan Reijenga Alyda Norbruis It Twaspan 2014 Epke Zonderland Ireen Wüst Jokelyn Tienstra shorttrackploechSjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Freek van der Wart en Niels Kerstholt Aafke Soet Bart Helmholt Rixt van der Horst Compagnonsskoalle/De Pream 2013 Sven Kramer Ireen Wüst Richard Schuil SK Cambuur Ljouwert Douwe Amels Douwe Visser Alyda Norbruis CBS de Pream 2012 Epke Zonderland Marit Bouwmeester Henk Gemser Shorttrack manlju Antoinette de Jong Oane Galama HZ & PC 2011 Epke Zonderland Marit Bouwmeester Bert Jan van der Veen BAM-Univé marathonriden Lisa Top Bart Helmholt Alyda Norbruis Lisa Top 2010 Epke Zonderland Ireen Wüst Afke Hylkema BAM-Univé marathonriden Nyck de Vries Bart Helmholt De Skâns 2009 Sven Kramer Marit Bouwmeester SK It Hearrenfean Yvonne Nauta Herre Zonderland Sanne Bakker SV Friesland

Kategory:Sportterm Kategory:Sport yn Fryslân Kategory:Festival yn Fryslân Kategory:Evenemint op It Hearrenfean Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 2010