Pier Steensma (Harns, 1890 - Amsterdam, 1969) wie in Fryske archeolooch en akwarellist.

Nei it gymnasium studearre er filology oan de Sorbonne yn Parys. Dêrnei hie er ferskaten banen yn binnen- en bûtenlân op it mêd fan de klassike archeology, de numismatyk yn it bysûnder. Op syn reizen lei Steensma âlde monuminten yn akwarellen fêst. Dizze akwarellen makken him ek bûten de akademyske wrâld wol in bytsje bekend. Syn wittenskiplik oeuvre bestiet út in oantal artikels en in stikmannich monografyen.

Bibliografy (monografyen) La vie d'Ésope: quelques remarques critiques (z.j.) Le grand camée de France (1926) Grieksche antiquiteiten (1938)

Kategory:Frysk archeolooch Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk archeolooch Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk skriuwer yn it Frânsk Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1890 Kategory:Persoan stoarn yn 1969