De ljip (Vanellus vanellus) is in fûgelsoarte besibbe oan de Wilsters. Yn Fryslân stiet de ljip bekend as greidefûgel. De ljip komt foar yn hiel Euraazje. Njonken de yn Fryslân bekende ljip binne der noch sa'n 24 oare soarten ljippen, wêrfan't guon tige seldsum binne. Ek is it in ferske fan Piter Wilkens en Rapper Remond.

Oare nammen De ljip wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: Leep, Lip, Liip, Lyp of Kivyt. left|thumb|Ljippepyk

Biotoop De ljip hat in foarkar foar sompige grûn. De djipûntwettering hat der foar soarge dat de ljip yn Fryslân in grut part fan syn biotoop ferlern hat. De ljip giet de winter út de wei. Fan septimber ôf oant ein novimber, begjin desimber trekke de ljippen, dy't hjir bret hawwe, fuort nei Ingelân, Ierlân, Frankryk, Portugal en sels nei Afrika. De ljippen dy't hjir mei sêft winterwaar foarkomme, briede meast yn Skandinavyske kontreien.

Aaien en aaisykjen thumb|left|In broedsje De 2 oant 4 aaien wurde yn in kûltsje yn de grûn lein. Yn Fryslân is der in tradysje om it earst fûne ljipaai oan te bieden oan de Kommissaris fan de Kening en earder oan de Kening of Keninginne sels. Yn 2005 is foar it earst ferbean om aaien te sykjen en mei te nimmen. Sûnt 2006 is it wer tastien. Alle aaisikers moatte by it finen fan in aai earst fia sms tastimming freegje foar it opkrijen derfan. De meinommen aaien wurde registrearre. As it maksimum tastiene tal aaien meinommen is, wurdt in sms ferstjoerd dat it opkrijen net mear mei. Dat systeem kin der neffens de rjochtbank op troch. Wa't it earste aai fan Fryslân fynt, kriget de Sulveren Ljip.

It finen fan in aai is it symboalyske begjin fan de maitiid.

Earste ljipaai Yn 2010 is it earste ljipaai fûn troch Hidde Dijkstra fan Britsum. It aai is fûn flakby de Fleanbasis Ljouwert.

Yn 2011 is it earste ljipaai fan Nederlân fûn by Maaslân, yn Súd-Hollân, op 6 maart. Yn Fryslân waard it earste ljipaai fûn op 16 maart, dat waard fûn troch Geert Kleinhuis út Earnewâld. Hy fûn it aai by Hurdegaryp.

Ferwizings It lûd fan de ljip (wav-triem). Mear lûd- en byldtriemen.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ljip Kategory:Greidefûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje