De wylde hyasint (Hyacinthoides non-scripta, foarhinne Scilla non-scripta of Endymion non-scriptus) is in maaitiidsplant fan it slachte "Scilla".
De plant waard al troch Linnaeus beskreaun. Hy dielde him yn by de hyasinten. Ut dy tiid stamt ek de it nammediel non-scripta omdat by dizze plant yn tsjinstelling ta de hyasinten gjin wite tekens yn de blomdekblêden te ûnderskieden binne. Letter die bliken dat de plant ta it slachte "Scilla" hearde.
De blêden binne gersfoarmich, lang en 1-3 sm breed. De blommen binne buis- oant klokfoarmich, meast wyt of blauw. Op ien en itselde steanplak kin in ferskaat oan kleuren en foarmen oantroffen wurde.
De frucht is aaifoarmich, it sied is swart. thumb|left|Wylde hyasint (detail)
Fersprieding
De plant komt oarspronklik út Súdwest- en Noardwest-Jeropa. It tsjintwurdige ferspriedingsgebiet beslacht Noard-Frankryk, Lúksumboarch, Belchje, Nederlân, Noardwest-Dútslân en Grut-Brittanje. De wylde hyasint wurdt rekkene ta de stinzeplanten.
Sjoch ek List fan planten Stinzeplant
Kategory:Plantesoarte Kategory:Asperzje (famylje) Kategory:Stinzeplant Kategory:Lânseigen floara yn Andorra Kategory:Lânseigen floara yn Belgje Kategory:Lânseigen floara yn Dútslân Kategory:Lânseigen floara yn Frankryk Kategory:Lânseigen floara yn Fryslân Kategory:Lânseigen floara yn Guernsey Kategory:Lânseigen floara yn Ierlân Kategory:Lânseigen floara yn Ingelân Kategory:Lânseigen floara yn Jersey Kategory:Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen floara yn Man Kategory:Lânseigen floara yn Nederlân Kategory:Lânseigen floara yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen floara yn Portegal Kategory:Lânseigen floara yn Skotlân Kategory:Lânseigen floara yn Spanje Kategory:Lânseigen floara yn Wales Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Itaalje Kategory:Eksoat yn Kanada Kategory:Eksoat yn Roemeenje