De mosk of húsmosk (Passer domesticus) is in lytse oant middelgrutte sjongfûgel dy't benammen fan sied en ynsekten libbet. Tegearre mei sa'n fjirtich oare moskesoarten sa as de fjildmosk foarmet er it skaai Passer. Mei sân oare skaaien foarmet dit skaai de famylje fan 'e moskfûgels (Passeridae), dy't sa'n 43 soarten befiemet.
Foarkommen Mosken wurde faak trochinoar helle mei fjildmosken. It mantsje fan de Mosk hat lykwols in griis krún wylst de fjildmosk in brún krún hat. It wyfke fan de Mosk is wat ientoaniger fan kleur, nammentlik brún.
De 14-16 cm grutte Mosk komt oeral foar dêr't minsken har te wenjen set ha. De fûgel komt foaral yn doarpen en stêden foar, minder yn de bosken. Mosken binne siediters, mar se meie ek graach ite wat de minsken falle litte. De jongen wurde fuorre mei ynsekten. thumb|left|Moske-aaien.
Fersprieding It oarspronklike ferspriedingsgebiet fan de Mosk leit yn Jeropa, Noard-Afrika en Aazje. Sûnt it midden fan de 19e iuw hat de mosk op tal fan oare kontinenten syn plak fûn en is dêrtroch ien fan de fûgels mei it grutste ferspriedingsgebiet.
Taksonomy De soarte Passer domesticus omfiemet 12 ûndersoarten: P. d. domesticus, balearoibericus, biblicus, hyrcanus, persicus, indicus, bactrianus, parkini, hufufae, tingitanus, niloticus en rufidorsalis. De ûndersoarte domesticus ("nominaatfoarm") is de noardlikste, dy't fan West-Jeropa oant noardlik Japan foarkomt, en ek yn oare parten fan 'e wrâld yntroduseare is. De Italiaanske foarm is sa ferskillend fan 'e oare foarmen dat er tsjintwurdich as aparte soarte Italiaanske mosk (Passer italiae) beskôge wurdt.
Nêstplakken De mosken bouwe rommelige nêsten meast fan gersstâlen ûnder dakpannen, dakspanten en yn hoalen yn muorren. Se kinne yn in jier tiid twa oant trije nêstjes jongen grutbringe. De aaien wurde troch beide âlden yn sa'n 10 oant 15 dagen útbret. Dêrnei duorret it meast sa'n 14 oant 16 dagen foardat de jongen útfleane.
Tebekrin yn Nederlân Sûnt de 70-er jierren fan de 20e iuw is it tal mosken yn Nederlân hurd tebek rûn: fan nei skatting 1 á 2 miljoen yn de 70-er jierren oant sa'n 0,5 á 1 miljoen briedpearen yn 2015. Derom stiet de mosk as 'gefoelich' op de Nederlânske Reade list fan fûgels.
As oarsaken binne ûnder oaren it lytser tal geskikte nêstgelegenheden troch oare en hechtere dakbedekking, it brûken fan bestridingsmiddels wêrtroch it tal ynsekten ôfnaam is, en it effisjinter brûken fan kealsleine grûn wêrtroch it tal foeraazjeplakken ôfnommen is oan te wizen.
De fûgelbeskerming hat in aksje op tou set om it tebekgong fan de mosk tsjin te gean. Er moat mear grien yn de stêden en doarpen komme. Ek moatte der mear nêsthokken pleatst wurde.
Keppeling om utens aksjeplan op side fan Fûgelbeskerming
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mosk Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Eksoat yn Yslân Kategory:Eksoat yn Senegal Kategory:Eksoat yn Gambia Kategory:Eksoat yn Tanzania Kategory:Eksoat yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Eksoat yn Angoala Kategory:Eksoat yn Namybje Kategory:Eksoat yn Botswana Kategory:Eksoat yn Súd-Afrika Kategory:Eksoat yn Simbabwe Kategory:Eksoat yn Lesoto Kategory:Eksoat yn Swazylân Kategory:Eksoat yn Mozambyk Kategory:Eksoat yn Malawy Kategory:Eksoat yn Austraalje Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân Kategory:Eksoat yn Alaska Kategory:Eksoat yn Belize Kategory:Eksoat yn El Salvador Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Gûatemala Kategory:Eksoat yn Hondoeras Kategory:Eksoat yn Jamaika Kategory:Eksoat yn de Kaaimaneilannen Kategory:Eksoat yn Kanada Kategory:Eksoat yn Kosta Rika Kategory:Eksoat yn Kuba Kategory:Eksoat yn Meksiko Kategory:Eksoat yn Nikaragûa Kategory:Eksoat yn Panama Kategory:Eksoat yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Eksoat yn Argentynje Kategory:Eksoat yn Bolivia Kategory:Eksoat yn Brazylje Kategory:Eksoat yn de Falklâneilannen Kategory:Eksoat yn Ekwador Kategory:Eksoat yn Kolombia Kategory:Eksoat yn Oerûguay Kategory:Eksoat yn Paraguay Kategory:Eksoat yn Perû Kategory:Eksoat yn Sily Kategory:Eksoat yn de Andamanen en Nikobaren
simple:Sparrow#The House Sparrow