thumb|right|234px|De drommedaris thumb|right|234px|De haven

InkhuzenFryske Akademy, Taalweb: Inkhuzen (Nederlânsk en offisjeel: Enkhuizen; Inkhústersk: Enkhúze; Eilânwestfrysk: Henkhúze) is in stêd en gemeente yn 'e provinsje Noard-Hollân, oan 'e eastpunt fan 'e lânstreek West-Fryslân. De stêd krige yn 1355 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. Fan âlds wurdt der it Inkhústersk sprutsen, in stedsdialekt dat frijwat ôfwykt fan it Westfrysk út 'e direkt omkriten fan 'e stêd. Yn 'e gemeente Inkhuzen wenje 17.387 ynwenners op in lânoerflak fan 14,31 km² (1 juny 2005). It totale gebiet fan de gemeente is lykwols likernôch 116 km², dêr't it grutste part fan Iselmar is.

Plakken Njonken de stêd lizze yn de gemeente de doarpen Easterdyk en Westein.

Ferbinings Inkhuzen is oer it spoar ferbûn mei Hoarn. Yn de simmer fart de "Bep Glasius" trije kear deis hinne en wer nei Starum. De Houtribdyk ferbynt Inkhuzen troch de Iselmar mei Lelystêd.

Untwikkeling ynwennertal 2005 - 17.387 (1 juny) 2004 - 17.241 2002 - 17.076 1999 - 16.713 1998 - 16.572 1971 - 11.940 1956 - 10.600 1913 - 7.748

Keppelings om utens Webstee fan de gemeente Digitale Stêd Inkhuzen

Kategory:Plak yn Inkhuzen Kategory:Gemeente yn Noard-Hollân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1355