thumb|Alexander Graham Bell Alexander Graham Bell ( Edinburch, 3 maart 1847 - Baddeck, 2 augustus 1922) wie in útfiner.
Bell waard 3 maart 1847 berne yn Edinburch yn Skotlân. Yn 1870 ferfear de húshâlding nei Brantford yn Kanada, en yn 1872 kaam er te wurkjen foar de Universiteit fan Boston.Alexander Graham Bell Laboratory Notebook, 1875-1876 Dêr ûntwikkele er in ûntwerp foar de tillefoan, en op 14 febrewaris 1876 frege er dêr in patint op oan. Dat ûntwerp funksjonearre net, mar hy ûntwikkele in systeem dat al funksjonearre. Foar de eksploitaasje fan dat systeem rjochte er yn 1877 de Bell tillefoanmaatskippij op. Dy bestiet noch altyd, no ûnder de namme American Telephone and Telegraph Company (AT&T).
Hoewol't Bell faak neamd wurdt as útfiner fan de tillefoan, hawwe der ferskate persoanen earder west mei dy útfining. Nei alle gedachten is it Antonio Meucci dy't de eare takomt.
Bell wurdt al sjoen as de útfiner fan de metaalfiner. Hy makke dêr yn 1881 in earste ferzje fan om't James Garfield, presidint fan de Feriene Steaten, delsketten wie, mar de dokters de kûgel net fine koenen. Wat Bell fûn wie it metaal fan it bêd ûnder it lichem, dat it wie gjin súkses, mar de metaalfiner funksjonearre al.
Bell is 2 augustus 1922 ferstoarn op syn bûtenpleats Beinn Bhreagh yn Baddeck op Nova Scotia. Nei him is de ienheid foar logaritmyske fermogensferhâldings neamd: de Bel. De bekendere ôflieding dêrfan is de desibel, dB, oftewol 1/10 Bel.
Kategory:Amerikaansk heechlearaar Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Amerikaansk útfiner Kategory:Kanadeesk útfiner Kategory:Kanadeesk ûndernimmer Kategory:Amerikaansk persoan fan Kanadeesk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Kanadeesk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1847 Kategory:Persoan stoarn yn 1922