Piter Wilkens (Ljouwert, 26 augustus 1959) is in Frysk sjonger en tekstskriuwer, dy't meast yn it Frysk sjongt, mei út en troch in Ljouwertersk ferske. Hy wennet yn Marsum mei frou en twa bern.
Wilkens syn repertoire is in mjuks fan harksankjes, meisjongers, libbenslieten en ienmâns rock 'n roll. Fan 'willepunk' oant folkfers, fan jankfodden oant ballades. Hy skriuwt it measte sels.
Wilkens is ien fan de meast súksesfolle artysten yn de Fryske Top 100. Hy is de sjonger mei de measte notearrings yn de list fan Fryske ferskes alle tiden. Yn 2009 stie er mei tsien nûmers yn de list, wêrfan't syn liet It paad werom it heechste kaam mei it 8e plak.
Libbensrin Piter Wilkens waard berne yn Ljouwert as soan fan Harm en Ymkje Wilkens. Hy waard opbrocht yn Marsum, dêr't de húshâlding yn 1963 hinne ferhuze.
Begûn yn 1979 as bassist yn de punkrockeftige band Okke Hel. As Fryske trûbadoer hat er sa stadichoan de hiele wrâld oer west (Feriene Steaten, Belgje, Poalen, Litouwen, Eastenryk, Frankryk, Ierlân en Dútslân).
Piter is ek warber as skriuwer en producer foar ferskate oare artysten. In pear fan syn ferskes hat er ek songen yn it Noard-Frysk of it Stedsk.
Mei Simmer 2000 wie er te sjen yn it muzykspektakel SimmerTime, in produksje fan De Kast, dêr 't ek Maaike Schuurmans en Rients Gratama oan mei dienen. Op 19 en 21 april 2001 joech er mei in begeliedingsband twa folslein útferkochte konserten yn de Harmonie fan Ljouwert. Lykas yn 2002 mei de Lawei fan Drachten der noch by. Yn 2001 wie er te gast op Helgolân by it trijejierliks Friezetreffen (It Friesen-Droapen) op Helgolân. Dêr brocht er mei de Fryske Jeugd Brassband parten út it program Greideroas. Ek jout Piter wol meiwurking oan benefytkonserten lykas op 27 april 2007 by de Stifting Anak (foar in projekt mei bern op de Filipinen).
thumb|260px|Piter Wilkens mei syn kollega-trûbadoers yn Bitgummole by it jubileum fan de Kristlike Fryske Krite Karel Roarda, 2003. Piter treedt solo op, mar ek mei pleatslike korpsen, mei in eigen begeliedingsband en op saneamde Trûbadoersjûnen mei kollega's Jaap Louwes, Gurbe Douwstra en Doede Veeman. Mei Marcel Smit en Gurbe Douwstra trede er earst op ûnder de namme Douwstra, Smit & Wilkens mar yn 2017 ek mei it teäterprogramma Frisicana dat yn 2019 in ferfolch krije sil mei Frisicana II.Webside De Lawei Yn dit programma binne se yn harren ferline dûkt en bringe se ferskes oer en fan Amerikaanske - Americana artysten dy har ynspirearre ha, dat yn it Frysk en it Ingelsk.
Hy toerde meardere kearen yn it bûtenlân en mei it teaterprogramma ‘De Fleanende Hollanner’, dêr't er it Sweedske rippertwaar fan Cornelis Vreeswijk yn it Frysk oersette, krijt er ek lanlik omtinken. Yn 2010 wûn er de provinsjale Bernlefpriis.
Diskografy Albums en singles Sjongerbloed, 1993 - Achterdyk Produksjes - SKIIF 001 Timmermantsjoender, 1996 - Achterdyk Produksjes - SKIIF 002 Knoopkes, 1997 - Achterdyk Produksjes - SKIIF 003 it Pompeblêdhert / Greideroas / Knoopkes, CD-single 1998 - Pink Records - PRCS 98005 De Bearenburch is myn Sjirurch, CD-single 1999 - Achterdyk Produksjes/Marista - SKIIF 004/MCD 8480 Nocht & Wilkens, CD 2000 - Achterdyk Produksjes/Marista - SKIIF 005/MCD 5800 Greideroas (mei de Fryske Jeugd Brassband), CD 2001 - Achterdyk Produksjes - SKIIF 006 Romtefyts, CD 2002 - Achterdyk Produksjes - SKIIF 008 Der tuskenút, CD 2004 - Achterdyk Produksjes - Trûb 004 (mei Jaap Louwes, Gurbe Douwstra en Doede Veeman) Brutsen snaren, CD 2005 - Achterdyk Produksjes - SKIIF 009 It fûgeltsje yn myn gitaar, CD 2006 - Achterdyk Produksjes - SKIIF 010 (mei ferskes fan Cornelis Vreeswijk) De Fleanende Hollanner, CD 2010 (noch in CD mei ferskes fan Cornelis Vreeswijk) It geheim fan 'e kânselier - as Bline Arend, de sjongende cowboy Bêst genoch, 2012 (sammelalbum) Libbene stiennen, 2016 De laitsjende feniks, 2021
Oare CD's dêr't Piter Wilkens op te hearren is: Skodzje foar it brûken - De Rayonhaden, 1995 - Frigram - FGCD541 Trochstrings & ko - Ferskate Fryske artysten, 1998 - Maura Music - MM 039 Simmertime 1 - De Kast, Rients Gratama, Maaike Schuurmans en Piter Wilkens Proacts - pro cd 2010 Simmertime 2 - De Kast, Rients Gratama, Maaike Schuurmans en Piter Wilkens Proacts - pro cd 2012 Fryske ferskes foar Sinteklaas - Warber Fryslân, 2008 - Eigen behear - AM-WF-08
Keppeling om utens Webstee fan Piter Wilkens.
Kategory:Frysk sjonger Kategory:Sjonger yn it Frysk Kategory:Frysk muzikant Kategory:Frysk gitarist Kategory:Frysk komponist Kategory:Frysk lietsjeskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1959