Brussel (Frânsk: Ville de Bruxelles of Bruxelles-Ville, Nederlânsk: Stad Brussel of Brussel-Stad) is een gemeente yn it Brusselsk Haadstedsk Gewest en de haadstêd fan Belgje, de Flaamske Mienskip en de Frânske Mienskip. De stêd is ek it sit fan de Jeropeeske Uny en de NAFO.

Brussel is in twatalige stêd, dêr't Frânsk (85-90%) en Nederlânsk (10-15%) sprutsen wurdt. As haadstêd fan Belgje is Brussel it plak dêr't it nasjonaal regear festige is, dêr't de kening kroane wurdt en dêr't de keninklike famylje wennet.

Mei goed 180.000 ynwenners is Brussel de fyfde grutte gemeente neffens ynwennertal yn Belgje. De gemeente is ien fan de 19 gemeenten fan it Brusselsk Haadstedsk Gewest, dat ornaris ek "Brussel" neamd wurdt en dy hat goed 1,2 miljoen ynwenners. Yn de Stedsregio Brussel wenje goed 1,8 miljoen minsken en is dêrmei de grutste fan Belgje.

Namme De namme Brussel is ôflaat fan de gearstalling út it Aldnederfrankyske bruoc (broek/sompe) en sella (wenplak), dus Bruocsella (wenplak yn/by de sompe). Om 1015 hinne komt de namme yn it Latyn foar it earst foar as Brosella. Yn it Midnederlânsk evoluearre de namme ta ''Bruesele en Brussele. De namme soe yn it moderne Nederlânsk winliken Broekzele wêze moatte, dochs is stadichoan feroare ta Brussel. It Frânske Bruxelles stiet noch tichteby de oarspronklike namme.

Skiednis Iere skiednis Yn it Soaniënwâld súdeastlik fan de hjoeddeistige stêd Brussel binne fynsten fan bewenning út it Neolitikum weromfûn. Yn de brûnstiid en izertiid wie der bewenning yn de delling fan de meänderjende rivier de Senne, dêr't benammen lânbouwers libben. Yn de Romeinske tiid waarden der filla's oan wjerskanten fan de Senne boud. Ut dy tiid komme ek twa grêfheuvels. Yn de Merovingyske tiid, yn de sechde en sande iuw, ûntstiene op de hegere grûn om de Senne hinne ferskate doarpen. Op de legere grûn om de Senne hinne wiene in stikmannich sompen, dêr't dus de namme "wenplak by de sompe" nei wiist.

Midsiuwen thumb|left|Aldste bewarre stedssegel fan Brussel út 1257 mei it Midnederlânsk râneskrift: INGESIGELE · DER · PORTERS · VAN · BRUSLE Yn de njoggende iuw woeksen de doarpen oaninoar fêst en waard in boarch op ien fan de trije eilannen yn de Senne boud. De stêd waard in merkplak fan de lânbou yn de omkriten. Troch de lizzing oan de Senne, dy't yn de Dijle útmûnet en dy't op syn bar yn de Skelde útmûnet krige Brussel in ferbining mei de see en kaam op in hannelsrûte fan de âldere stêden Brugge nei Keulen te lizzen. Hannelers en hânwurklju fêstigen harren yn Brussel dy't part fan de twadde ferstedsking fan Noardwest-Jeropa yn de midsiuwen wie.

Bestjoerlik lei Brussel yn de Brabângoa en it bisdom Kamerryk yn it hartochdom Nederloataringen. De goa Brabân bestie út fjouwer greefskippen, dêr't it greefskip Brussel de meast eastlike fan wie. Justjes foar it jier 1000 kaam it Brussel yn it besit fan de greef fan Leuven, dy't mooglik in kastiel op de Koudenberg hie.

De greven fan Leuven en Brussel waarden oan de ein fan de alfde iuw lângreven fan Brabân. Yn 1106 waarden se hartoch fan Nederloataringen en oan de ein fan de tolfde iuw waarden se yn it lângreefskip Brabân ferheft ta hartoch fan Brabân. Brussel waard yn dy snuorje hieltyd wichtiger yn it neidiel fan Leuven. Beide stêden woeksen lykwols troch it opbloeien fan de hannel yn dy tiid.

Yn 1229 krige Brussel stedsrjochten fan hartoch Hindrik I fan Brabân. De stêd krige doe de earste stiennen stedsmuorre. Dy waard fjouwer kilometer lang en krige sân stedspoarten. De tekstylsektor kaam yn dy snuorje fluch op. De Lekkengilde, dy't yn de trettjinde iuw ûntstie, hie in grutte ynfloed op dy yndustry. De skieppetylt om Brussel hinne koe de fraach net mear beneikomme. In soad wol en oare grûnstoffen waarden ymportearre. Lekken waard fier oer de grinzen eksportearre. De beginen, dy't om 1250 in grut Begynhôf stiften, foarmen in wichtich part fan dy sektor.

Yn 1236 en 1276 wiene der grutte stedsbrannen yn Brussel. Yn de fjirtjinde iuw rekke de lekkenyndustry op syn hichtepunt. De stêd woeks tige by tige en doe wie der in nije stedsmuorre nedich. Dy waard yn 1357 boud en waard wol acht kilometer lang. Doe krige it hjoeddeistige sintrum fan Brussel syn fiifhoekige foarm. Brussel woeks fan 80 oant 509 bunder. Yn dy snuorje waard it grutte Stedhûs fan Brussel oan de Grutte Merk boud, dy't it ekonomysk sintrum fan de stêd wie.

Doe't hartoch Filips I fan Brabân yn 1430 ferstoar gie it hartochdom Brabân oer ta syn neef Filips de Goede fan Boergonje. Dêrtroch kaam Brussel ûnder de Boergonjers te fallen. Itselde jiers waard úteinset mei de útwreiding fan it kastiel op Koudenberg dy't waard winliken in wier paleis waard. Brussel waard troch it foltôgjen fan it kastiel yn 1459 de haadresidinsje fan hartoch Filips en dus it bestjoerlike sintrum fan it Boergondyske Ryk.

thumb|left|Kaart fan Brussel fan 1657 troch Blaeu De ekonomy bleau yn dy snuorje trochwaaksen, alhoewol't de lekkenyndustry syn bêste jierren hân hie. De Brusselske wandtapiten en retabels kamen dêrfoar yn plak. Ek de Brusselske skilderskoalle waard wichtich en produsearre guon grutte skilders, lykas Lucas Achtschellinck, dochs soe net útgroeie ta it nivo fan dy fan Brugge en Antwerpen. De krêft fan Brussel lei yn spesjalisearre lúkse-yndustryen. Hartoginne Marije fan Boergonje joech tastimming fan it graven fan in kanaal fan Brussel nei de Dijle sa't it steapelrjocht fan Mechelen op de Senne te mid wurde koe. Om't it Boergondysk Hof yn Brussel fêstige wie en syn belied sintralistysk wie, woeks de foarstlike macht yn it neidiel fan de stedske autonomy sa't dy oanwêzich wie yn stêden lykas Antwerpen en Leuven. Dat late wol gauris ta ûntefredenens by de boargers en benammen de patrysjers, benammen doe't Marije fan Boergonje mei Maksimiliaan fan Habsburch boaske. De befolking fan Brussel, allyk dy fan Flaanderen, fertrouden him net. Doe't Marije yn 1482 op jonge jierren ferstoar, ûntstie der in fûle striid om it regintskip fan har minderjierrige soantsje Filips de Skiene. Hja woene de hearskippij fan Maksimiliaan net erkenne. Dy liet lykwols twa Brusselske ôffeardigen ûnthalzje. Yn 1486 waard er keizer fan it Hillige Roomske Ryk en kaam nei Brussel om syn residinsje te belûken. Syn Dútske soldaten waarden troch de stedsmilysjes oanfallen. Dêrnei rekke der in bloedige kriich út tusken Brussel en de Flaamske opstannelingen tsjin de Habsburgers en Boergonjers. In jier letter koe Albrecht fan Saksen Brussel foar Maksimiliaan oermasterje. Doe't Filips de Skiene folwoeksen waard boaske er Jehanna de Sljochtsinnige fan Kastylje. Filips ferstoar yn 1506 en waard opfolge troch syn soan Karel V fan Habsburch. Yn 1516 waard Karel yn de Brusselske Sint-Michieltsjerke kroane ta kening fan Spanje en yn 1519 folge er syn pake Maksimiliaan op as aartshartoch fan de Eastenrykske erflannen en keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Under it bestjoer fan Karel berikte Brussel syn grutste bloei en waard it sintrum fan syn wrâldryk.

Iermoderne tiid thumb|500px|Utsicht op Brussel yn 1665 troch Jan-Baptist Bonnecroy Under it bestjoer fan Karel kaam it protestantisme op. Hy moast der neat fan hawwe en ûnder syn bewâld waard de ynkwisysje organisearre en besocht er it opkommend protestantisme foel te bestriden, benammen troch ketterferbaarnen. Yn 1555 stapte Karel V op ta geunst fan syn soan Filips II, dy't de ynkwisysjepolityk fuortsette. Yn 1559 ferfear Filips nei Spanje en liet de polityk yn hannen fan syn healsuster, lânfâdesse Margareta fan Parma. It kalvinisme waard reedlik populêr yn de stêd en omkriten en ek de geuzen namen stêden yn de buert yn fan de Spanjerts. Filips stjoerde yn 1567 de hartoch fan Alva nei de Nederlannen om de opstân del te bêdzjen. Dat slagge him net, de byldestoarm kaam ek yn Brussel en de kalvinisten krigen de macht yn hannen yn de stêd. Brussel sleat him ynearsten by de Uny fan Utert oan en der ûntstie in Brusselske Republyk. Lykwols in soad stêden yn de omkriten foelen wer yn Spaanske hannen en dêrtroch ferhuzen de Steaten-Generaal earst nei Antwerpen en letter nei Middelburch. It kalvinisme wie noch sterk yn de stêd, dochs Brussel rekke hieltyd mear isolearre fan de protestantske Nederlannen. Yn 1584 sette it Belis fan Brussel troch de Spaanske lânfâd Aleksander Farnese útein en yn 1585 joech de stêd him oer. Brussel waard de haadstêd fan de Spaanske Nederlannen, dêr't tenei de kontrareformaasje hearske. De protestanten moasten ferfarre of nei it katolike leauwe weromgean en dat late ta it kommen fan de jezuïten (1586) en augustinen (1601) en ek de definitive skieding tusken de protestantske Noardlike en katolike Súdlike Nederlannen. In soad flechten nei de Noardlike Nederlannen.

Yn 1595 waard Filips II syn neef Albrecht fan Eastenryk oansteld as lânfâd fan de Súdlike Nederlannen. Yn 1599 boaske er mei Filip syn dochter Isabella, dy't yn jier dêrfoar de Spaanske Nederlannen urven hie. Under harren bestjoer bloeide Brussel op as haadstêd. Nei it ferstjerren fan Isabella yn 1633 en om't hja gjin bern hiene, kamen de Súdlike Nederlannen werom yn Spaanske hannen. It gebiet, mei Brussel as haadstêd kaam stadichoan hieltyd mear ûnder druk te stean fan it ekspansionisme fan de Frânske kening Loadewyk XIV. thumb|Sicht op Brussel foar it bombardemint fan 1666 troch Lancelot Volders Dat late ta ferskate krigen tusken de Spanjerts en de Frânsken. Yn augustus 1695 waard Brussel ferwoastgjend besketten yn de Njoggenjierrige Kriich tusken Frankryk en de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, dêr't Spanje ek by belutsen rekke. Likernôch 4.000 huzen rekken skeind en ek it Stedhûs rekke skansearre, dêr't in soad keunstwurken by ferlern giene. Nei't de Frânsken harren weromlutsen waard Brussel weropboud en krige de Grutte Merk syn hjoeddeistich oansjen.

Nei de Spaanske Súksesjekriich kamen de Súdlike Nederlannen fannijs ûnder Eastenryksk bestjoer. Keizerinne Maria Teresa stelde Karel Aleksander fan Loataringen oan as lânfâd yn de Súdlike Nederlannen. Der bruts in tiid fan frede út en ferskate urbanisaasjeplannen yn de stêd waarden útfierd. Nei in tal herfoarmings dy't keizer Joazef II oan de ein fan de achttjinde iuw besocht troch te fieren kaam er op wjerstân te mjitte. Ferskate protesten brutsen út yn Brussel en oare stêden. De Feriene Nederlânske Steaten rôp syn ûnôfhinklikens út yn 1790.Yn 1794 kamen de Frânsken fannijs en ferdreaune de Eastenrikers oer de Ryn hinne. Dêrtroch kaam Brussel yn hannen fan de Earste Frânske Republyk.

Moderne tiid Njoggentjinde iuw thumb|Keninkik Paleis