Jacobus Henricus van 't Hoff (Rotterdam, 30 augustus 1852 – Berlyn, 1 maart 1911) wie in Nederlânsk natuerkundige en gemikus, yn 1901 ûntfanger fan de earste Nobelpriis foar de Skiekunde.

Van 't Hoff waard yn Rotterdam berne as soan fan in medikus. Al fan jongs ôf hie er niget oan wittenskip. Tsjin it sin fan syn heit gie er nei Delft en letter nei Leien om natuerkunde te studearjen. Nei fierdergeande stúdzje yn Bonn en Parys helle er yn 1874 yn Utert op 22-jierrige leeftyd syn doktoraat.

Kategory:Nederlânsk natuerkundige Kategory:Nederlânsk skiekundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk yngenieur Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Winner fan de Nobelpriis foar de Skiekunde Kategory:Persoan berne yn 1852 Kategory:Persoan stoarn yn 1911