Ferwert is in doarp oan de Waadsee yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Ferwert leit noardeastlik fan Marrum, súdlik fan de Waadsee, súdwestlik fan Blije, eastlik fan Hegebeintum en noardwestlik fan Ginnum.

De buorskip De Ryp heart ek by Ferwert.

Op 1 jannewaris 2023 hie Ferwert 1.815 ynwenners.

Geografy Ferwert leit yn it westlike diel fan de gemeente oan de Provinsjale dyk N357 fan Ljouwert nei Holwert, dy't it doarp ferbynt mei Marrum en Hallum nei it súdwesten en Blije nei it noardeasten. Eastlik fan Ferwert leit likernôch in kilometer fierder it terpdoarp Hegebeintum, dêr't it oer de Ferwerter Feart mei ferbûn is. Oan de westkant ferbynt de Burmaniafeart it doarp mei Foswert. Beide fearten jouwe súdliker ferbining mei de Dokkumer Ie. Ferwert leit oan it Fryske Kustpaad. Fan 1901 oant 1936 lei it doarp oan it Dokkumer Lokaeltsje.

Skiednis thumb|left|260px|Lokaasje fan it eardere kleaster Foswert Ferwert ûntstie foar it begjin fan de jiertelling. It doarp leit op in kwelderwâl dêr't ek Hallum, Marrum en Blije op lizze. It is in terpdoarp, mei in terp dy't heech genôch wie om de see te sjen, mar om 1900 hinne is oan de noardwest kant it grutste part fan de terp ôfgroeven.

Súdlik fan it doarp lei oant de reformaasje it oan Jehannes de Doper wijde benediktynske dûbelkleaster Foswert (ek Betanië). Neffens in oerlevering waard it kleaster yn 860 op It Amelân stifte en ferhûze it kleaster fanwegen de ynfallen fan Wytsings yn 1109 nei Ferwert. Foswert waard yn 1580 plondere en yn 'e brân stutsen; de grûn waard troch de oerheid yn beslach nommen en letter ferkocht. Op de lokaasje steane tsjintwurdich twa pleatsen, dêr't ien fan in ryksmonumint is. Njonken fynsten betinke allinne de grêften om it kleasterterrein, strjitnammen en de namme fan in wensoarchsintrum it eartiidske kleaster.Noordelijk Oostergo. Ferwerderadeel (1981) - Herma M. van den Berg

Yn 1999 waard de doarpsnamme offisjeel Frysktalich.

Sûnt 2019 leit Ferwert yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ferwerderadiel. Ferwert hat altyd haadplak west fan Ferwerderadiel.

Gebouwen States thumb|250px|left|Camminghastate By Ferwert stie oant 1500 hinne de Tsjallingastate en oant it begjin fan de 19e iuw de Camminghastate, dêr't it Cammingha Hôf noch fan oer is. Fierders hawwe op it doarpsgebiet de states Deniastate, Gerbrandastate, Juwsmastate en Meekmastate stien. Fan Sminiastate binne noch twa pleatsen oer.

Tsjerke

thumb|260px|Sint-Martinustsjerke De foarse Sint-Martinustsjerke is in tsjerke út 1421. Yn de toer hingje trije klokken út 1383, 1426 en 1457. De klok út 1383 hat mooglik fan de tsjerke fan it eardere Easterbeintum west. Yn de jierren 1930 waarden in tal feroarings útfierd dy't de toer in hiel oar uterlik joegen. Sûnt 12 febrewaris 2007 is de tsjerketoer troch in yngreven restauraasje yn de steat fan foar dy tiid werombrocht. Ek binne in oantal jierren lyn de klokken laske en ophongen oan oare liedassen.

Op de súdmuorre fan de tsjerke sit in sânstiennen sinnewizer út 1640, dy't yn 1704 fernijd waard.

Oars Súdlik fan it doarp stiet in lytse Amerikaanske wynmotor.

Mienskip Ferwert dielt sûnt 1953 it ferieningslibben mei it oanbuorjende Hegebeintum. De beide doarpen hawwe ek in mienskiplike feriening fan Doarpsbelang. Foar de jongerein is der sûnt freed 21 jannewaris 2000 soas de Yntro.Ferwert-online, oproppen 2 maart 2023 Ferwerters wurde ek wol útmakke foar skierroeken.List Fryske skelnammen 1982, AFUK

Beskerme doarpsgesicht In diel fan Ferwert is hjoed-de-dei beskerme doarpsgesicht.

Tsjerken thumb|260px|Liudgertsjerke Sint-Martinustsjerke (PKN Ferwert) (webstee) Liudgertsjerke (PKN Ferwert)

Skoallen It doarp hat twa basisskoallen: Iepenbiere basisskoalle Op 'e Trije (webstee) Kristlike basisskoalle Op Streek (webstee) De lokaasje fan it Dockingakolleezje foar fuortset ûnderwiis is sûnt 2019/2020 sletten.Omrop Fryslân, 3 april 2019 thumb|260px|Kafee 't Hoekje Ferienings Badmintonclub Ferwert Brassband Excelsior Ferwert (webstee) Dartklub Heechfinne EHBO feriening Ferwert e.o. Fûgelferiening De Nachtegaal (webstee) Fuotbalferiening Wardy Gymnastykferiening SVKV Iisklub Ferwert/Hegebeintum Keatsferiening Foswert Kuorbalklub Ferwert Lawn Tennis Club Ferwerderadiel Toanielferiening Ferwert (webstee) thumb|260px|It eardere gritenijhûs fan de gemeente Ferwerderadiel (1840) thumb|260px|Haadstrjitte

Berne Antonius Petri (1620-1672), dûmny Idzert fan Burmania (1655-1708), grytman Pieter Boeles (1795-1875), taalkundige en dûmny Gerardus Heymans, (1857-1930), filosoof, logikus en psycholooch Trinus Riemersma (1938-2011), Fryske skriuwer Eeltsje Boates Folkertsma (1893-1968), Fryske foarman. Romke Kalma (1921-2007), konsert-, opera en oratoariumsjonger. Oene Spoelstra (1944), Frysk skriuwer en ûnderwizer. Hans Jouta (1966), byldhouwer. Maria Sterk (1979), Fryske maratonrydster Befolkingsferrin Jier 1830 1848 1913 1954 1959 1964 1969 1971 1973 1999 Ynwenners 1429 1463 1699 1965 2023 1892 1837 1898 2008 1824 Jier 2002 2004 2015 2020 Ynwenners 1874 1915 1796 1781

Ynfrastruktuer

Provinsjale Wei Troch Ferwert rint de N357.

Bustsjinst Troch Ferwert rinne de folgjende buslinen:

Line 60: Dokkum - Ljouwert fia Ternaard en Stiens Line 66: Holwert - Ljouwert

De buslinen troch Ferwert wurde fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Alle strjitten yn Ferwert.

Ofbylden ryksmonuminten

Byldzjende keunst

Sjoch ek Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân Fryske doarpen.

Kategory:Doarp of stêd yn Noardeast-Fryslân Kategory:Beskerme doarpsgesicht yn Nederlân Kategory:Doarp of stêd yn Ferwerderadiel