Ginnum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Ginnum leit noardlik fan Jislum, súdeastlik fan Hegebeintum en Ferwert, súdlik fan Blije en westlik fan Reitsum.

Ginnum is in doarp dat by de Flieterpen heart.

Ginnum hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.

Skiednis thumb|left|250px|De terp by de Roordastrjitte Fanâlds is Ginnum ien fan de Flieterpen. De wei út de rjochting fan Ferwert waard yn de jierren 1850 ferhurde. Alve jier letter folge ek de ferhurding fan de wei út Reitsum. Dêrby waard net oeral it âlde trasee folge en by Ginnum waard de wei út Ferwert wei foar de tsjerke lâns lein om in eintsje fierderop te krusen mei de wei út Reitsum.

De âlde omwei bleau tusken de twa diken bestean (tsjintwurdich de Berepôle), sadat dêr in diel fan it radiale karakter fan it âlde terpdoarp bewarre bleaun is. Oan de westlike kant is it radiale karakter nei alle gedachten ferlern gien mei de bou fan Roorda State.

In soad bebouwing hie it doarp net, sadat in grut part fan de terp oan it begjin fan de 20e iuw ôfgroeven wurde koe.

Sûnt 2019 leit Ginnum yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ferwerderadiel.

Tsjerke thumb|250px|left|Tsjerke fan Ginnum

It meast opfallend yn Ginnum is it tige âlde tsjerkje út it begjin fan de 12e iuw. Ut dy tiid datearret noch de noardlike muorre fan dowestien. De klokken datearje út 1344 en 1490 en it oerwurk út 1564. De tsjerke is tsjintwurdich eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken en docht tsjinst as atelier en museum.

Stinzen

thumb|260px|Roarda State Sûnt de 14e iuw of folle earderIt publikaasjeboerd op de lokaasje fan de eardere stins skriuwt dat de stins sûnt 1100 bewenne waard. stie yn Ginnum in stins , dy't bewenne waard troch de Ginnumer Roarda's (1397 as "Rowertha to Ghenim"). Yn harren wapen komt in moar foar, neffens de oerlevering in ferwizing nei de krústochten nei Jeruzalim, dêr't ek de Roarda's oan dielnamen. Nei in oprop fan paus Innosintius III yn 1215 ta de fiifde krústocht joegen Ruerd en syn broer Jehan Roarda fan Ginnum gefolch oan de oprop en mei oare Friezen en Hollanners setten hja ûnder lieding fan Willem ôf nei it Hillige Lân. Jehan kaam om yn de striid.Genealogie Online Mooglik ferhuzen de Roarda's yn it lêst fan de 17e iuw nei Ljouwert, yn alle gefallen wenne dêr sunt 1696 gjin Roorda mear. Ferskillende Roarda's binne begroeven yn de tsjerke; lykas Sybe fan Roarda, dy't ferstoar by de Slach by Boksum yn 1586. Roarda State is mooglik al foar 1723 ôfbrutsen om't der gjin tekening fan Jakob Stellingwerf bekend is. Op it plak waard neitiid in kop-hals-romppleats boud, dy't letter ferfongen waard troch de hjoeddeiske pleats.Stinzen in Friesland, oproppen 19 septimber 2022

Nei't Hylck fan Roarda, in dochter fan Syds fan Roarda, boaske mei Rienk fan Aylva bouden hja súdeastlik fan de tsjerke yn de jierren 1530 in state. It kin ek wêze dat hja in besteande state oernamen, om't de state ek 'Wythiema State' neamd waard en dat dy namme feroare yn Aylva State mei't Hylck en Rienk harren dêr nei wenjen setten. Nei't Wybren fan Aylva yn 1606 ferstoar waard syn soan Taco eigner. Wybren fan Aylva hie seis bern, mar liet fierder gjin erfgenamen efter. Op it plak fan de state stiet in moderne pleats mei dêromhinne in grêft.Stinzen in Friesland, oproppen 19 septimber 2022

Der bestiet in ferhaal dat der in ûnderierdske gong fan Roarda State ûnder de tsjerke troch nei Aylva State rûn, mar by de oanlis fan djiprioel yn it doarp is dêr neat fan werom fûn. thumb|260px|Stjelp oan de Harstawei

Befolkingsferrin Jier 1830 1848 1954 1959 1964 1973 1999 2002 Ynwenners 125 124 208 182 171 135 110 110 Jier 2015 2022 Ynwenners 93 83

Strjitten De Berepôle, De Houwen, Flieterpsterdyk, Harstawei, Hikkaarderdyk, Roardastrjitte.

Keppeling om utens Oer Ginnum Ginnumer Feart

Kategory:Doarp of stêd yn Noardeast-Fryslân Kategory:Doarp of stêd yn Ferwerderadiel