Wyt-Ruslân of Belarus is in lân yn East-Jeropa. De haadstêd is Minsk en de presidint fan de republyk is sûnt 1994 Aleksandr Lûkasjenko. Sûnt Lûkasjenko yn july 1994 presidint waard, is Wyt-Ruslân hieltyd mear in diktatoriale steat wurden. Wyt-Ruslân wurdt ek wol de lêste diktatuer fan Jeropa neamd. It regear beheint de frijheid fan mieningsutering, parsefrijheid, en de frijheid fan religy.
Geografy Lizzing Wyt-Ruslân wurdt begrinzge troch: Letlân yn it noarden (171 km); Ruslân yn it easten (959 km); Oekraïne yn it suden (891 km); Poalen yn it westen (605 km); Litouwen yn it noardwesten (680 km).
Lânskip thumb|left|195px|Strusta Mar yn de provinsje Fitebsk. Wyt-Ruslân is in oerwegend flak lân en ûnderdiel fan it East-Jeropeeske Leechlân. It lânskip waard yn de iistiid foarme en karakterisearre troch talrike rivieren, kanalen, marren en wiidweidige foar in part sompige bosken.
Yn it suden lizze de Pripjatsompen, ien fan Jeropa's grutste Fean- en Sompegebieten. De toeristyske trekpleisters fan it lân binne, útsein de haadstêd Minsk, fral de protte oer it hiele lân fersprate marren.
Wyt-Ruslân hat in oerflak fan 207.600 km². It leechste punt leit by rivier de Memel, 90 meter boppe seenivo. It heechste punt leit by de Dzyarzhynskaya Hara, 346 meter boppe seenivo.
Klimaat It klimaat sit wat tusken in lânklimaat en seeklimaat yn, de winters binne kâld mei mylde simmers.
Skiednis Nei sân desennia as republyk fan de Sowjetuny wurdt Wyt-Ruslân ûnôfhinklik yn 1991. Nei de ûnôfhinklikens holdt it syn politike en ekonomyske bining mei Ruslân, mear noch as mei oare eardere Sowjet steaten. Wyt-Ruslân en Ruslân tekenen op 8 desimber 1999 in ferdrach mei as doel mear politike en ekonomyske yntegraasje. Hoewol't Wyt-Ruslân in ramtferdrach ratifisearre hat mei as doel it útfieren fan it akkoard, hat ymplemintaasje nea plakfûn.
Demografy It ynwennertal wurdt yn 2018 op 9.492.000 rûsd. De etnyske gearstalling yn 2009 wie as folget: 83,7% Wyt-Russen, 8,3% Russen, 3,1% Poalen, 1,7% Oekraïniërs en 3,2% hie in oare etnyske komôf. 48,3% fan alle ynwenners hat it Eastersk-Ortodokse leauwen, de oare 10,6% binne Protestânsk, Roomsk, Joadsk of Moslim (2011)"Religion and denominations in the Republic of Belarus" (PDF). Ministry of Foreign Affairs of the Republic of Belarus. 17.02.2013.. De twa grutste talen binne Wyt-Russysk en Russysk.
Ekonomy BYP per persoan is $18.931 (2017)Report for Selected Countries and Subjects International Monetary Fund. Gearstalling fan BYP per sektor is 8,3% lânbou, 40,6% yndustry en 51,1 tsjinstenBelarus – Economy Overview cia.gov.
Kultuer Kultuergoed Under dy monuminten binne 4 dy't op 'e wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO steane: Wâld fan Białowieża, Kastiel Mir, Kastiel Nesvizh en Geodetyske bôge fan Struve.
Kategory:Lân yn Jeropa Kategory:Histoaryske Russyske koloanje Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1918 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1919 Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1991 Kategory:Republyk