Wilhelm Richard Wagner (Leipzig, 22 maaie 1813 - Feneesje, 13 febrewaris 1883) wie in Dútsk komponist.

Wagner wie fral bekend om syn opera's, dêr't er ek sels de teksten ta skreau. De ferneamdste binne: De fleanende Hollander, Tristan en Ysolde, Parsifal en de syklus De Ring fan de Nevelingen, besteande út (It Ryngoud, De Walkure, Siegfried en Goadenskimer).

Fan 1872 ôf wenne er yn Bayreuth, dêr't spesjaal in teater boud waard foar syn wurk. Dêr koe er syn ideeën útfiere oer it gearkommen fan alle keunstfoarmen ûnder de stjoering fan de muzyk. Wagner syn opera's wurde hjir hieltyd noch opfierd.

Sitaten Gioacchino Rossini: Wagner hat moaie mominten, mar fervelende kertierkes. Mark Twain: Wagner's music is better than it sounds. Friedrich Nietzsche: Den hab ich mal sehr geliebt. Fons Jansen: Sa'n opera fan Wagner begjint om acht oere. Nei trije oere sjochst op dyn horloazje. Tsien oer achten.

Kategory:Dútsk komponist Kategory:Dútsk dirigint Kategory:Dútsk toanielregisseur Kategory:Dútsk sjoernalist Kategory:Dútsk essayist Kategory:Dútsk muzykkritikus Kategory:Dútsk polityk skriuwer Kategory:Dútsk autobiograaf Kategory:Dútsk nasjonalist Kategory:Romantyk Kategory:Persoan berne yn 1813 Kategory:Persoan stoarn yn 1883