Klaas Bruinsma (Easterein, 1 febrewaris 1931 - Drachten, 29 oktober 2018) wie in âld-ûnderwizer en -learaar Ingelsk en skiednis, dy't bekendheid krige troch syn oersettings fan histoaryske literêre wurken yn it Frysk. Hy wie ferantwurdlik foar in grut ferskaat oan fertalings fan proaza en poëzij út it Aldgryksk, Latyn, Midfrysk, Nederlânsk en Midnederlânsk, Dútsk, Ald-, Mid- en modern Ingelsk, Frânsk, Russysk, Skotsk en Spaansk. Foar de oersettings fan trije trageedzjes fan Sofoklês (Filoktêtês, Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos) krige Bruinsma yn 1993 de Dr. Obe Postmapriis. Foar syn oersettings fan 'e Ilias en de Odyssee fan Homêros ûntfong er yn 2005 jitris dyselde priis en yn 2007 waard er dêrfoar eare mei de Sulveren Anjer. Njonken syn wurk as oersetter wie Bruinsma ek aktyf as dichter en as skriuwer fan non-fiksje.
Libben Klaas Bruinsma waard berne te Easterein yn wat no de gemeente Súdwest-Fryslân is (doe Hinnaarderadiel), as it op ien nei jongste bern út it gesin fan in ryksfjildwachter. Bruinsma syn heit waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch deportearre en kaam om yn 'e konsintraasjekampen, by wize fan represaillemaatregel om't de Dútsers syn âldste soan, dy't yn it ferset siet, net krije koene.
Nei de legere skoalle gie Bruinsma nei de MULO en folge ûnderwilens bylessen yn Aldgryksk en Latyn. Nei ôfrin fan 'e oarloch besocht er it Grifformeard Gymnasium yn Huzum (no it Kristlik Gymnasium Beyers Naudé) en dêrnei learde er fierder oan 'e Ljouwerter kweekskoalle. Hy stie in pear jier as ûnderwizer oan 'e legere skoalle, earst yn Spannum en doe yn Hidaard. Syn ferfangende tsjinstplicht ferfolle er as broeder yn in psychiatrysk sikehûs. Hy troude en ferfear yn 1960 mei syn frou nei Zoetermeer, dêr't er op 'e nij in oanstelling oan in legere skoalle krige.
Wylst syn húshâlding oanwoeks ta úteinlik fjouwer bern (Wike, Dukke, Winfried en Inne), helle Bruinsma de akte Ingelsk, wêrmei't er yn 1963 in oanstelling oan 'e MULO yn Balk yn 'e wacht sleepte. Dêr bleau er tsien jier en doe ferhuze er nei Drachten, dêr't er fan 1973 oant syn pinsjoen yn 1986 learaar Ingelsk en skiednis oan it Ichtus Kolleezje wie. Underwilens wie syn houlik yn 'e earste helte fan 'e jierren tachtich op in skieding útrûn. Bruinsma wenne dêrnei oant 2003 te Aldemardum, mar gie doe wer werom nei Drachten.
Mids 2018, doe't er ûnderwilens op hege jierren wie, lei er trije dagen yn it sikehûs mei in akút koronêr syndroom (tichtslibbing fan 'e krânsslachier om it hert hinne)., Lêzen wurdt foar de happy few, yn: de Ljouwerter Krante, 6 july 2018, bylage Freed, s. 8-9. Nei in perioade fan oanboazjende minnichte dy't einige mei palliative soarch yn Hospice Smelnehaven yn syn wenplak Drachten, kaam Bruinsma op 29 oktober 2018 yn 'e âlderdom fan 87 jier te ferstjerren.
Oersetter Nei syn pinsjonearring lei Bruinsma him alhiel ta op it oersetten fan 'e klassiken út 'e wrâldliteratuer yn it Frysk. Hy hie dêr earder ek al út en troch mei oan 'e gong west, mar no hied er der foar it earst alle tiid foar. It wie leafdewurk, want in Frysk oersetter hoecht net te ferwachtsjen dat er wat foar al syn bodzjen kriget, lit stean dat er derfan libje kinne soe. Sterker noch, de útjefte fan Sofoklês: Trije Trageedzjes betelle Bruinsma út eigen bûse, oars soe it nea publisearre wêze. Oare bekende oersettings fan syn hân binne û.m. de Ilias en de Odyssee fan Homêros, Lânwurk fan Fergilius, Ovidius syn Feroarings fan Stal, en anonime Midsiuwske Nederlânske wurken lykas Marike fan Nijmegen, Béatrys en Karel en Elegast.
Bruinsma wurke út leafde foar de taal en út oertsjûging en ideälisme foar Fryslân. Yn in fraachpetear yn 2010 seid er dat er it die foar de status fan it Frysk as literêre taal: "In taal dy't serieus nommen wurdt troch de eigen sprekkers, moat oersettingen ha fan Homêros en de oare klassiken, sa ienfâldich is it." Syn ynset waard yn 1993 beleanne mei de takenning fan 'e prestizjeuze dr. Obe Postmapriis foar Sofoklês: Trije Trageedzjes en de Kultuerpriis fan Gaasterlân-Sleat foar syn fertsjinsten op it mêd fan it Frysk yn it algemien. Tolve jier letter, yn 2005 wûn er op 'e nij de dr. Obe Postmapriis, diskear foar syn oersettings fan Gysbert Japix út it Midfrysk nei hjoeddeisk taalgebrûk yn it tinkboek Gysbert Japix: een Keuze uit Zijn Werk, en dêrnjonken fan Fergilius syn Lânwurk en fral ek fan 'e Ilias en de Odyssee. Yn 2007 waard oan Bruinsma ek noch in Sulveren Anjer útrikt fanwegen syn ynset foar de Fryske taal en kultuer.
Wurk (ûnfolsleine opsomming) Wurken mei de jiertallen tusken rjochte heakken binne wierskynlik (noch) net útjûn (mar wol yn te sjen by Tresoar).
Fryske Oersettings thumb|right|200px|De Fryske oersetting fan 'e Ilias, troch Klaas Bruinsma. thumb|right|200px|De Fryske oersetting fan 'e Odyssee, troch Klaas Bruinsma. thumb|right|260px|De Fryske oersetting fan 'e Batrachomyomachia, troch Klaas Bruinsma. thumb|right|200px|De Fryske oersetting fan 'e Argonautica, troch Klaas Bruinsma. thumb|right|200px|De (fragmintaryske) Fryske oersetting fan 'e Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum, troch Klaas Bruinsma. thumb|right|200px|De Fryske oersetting fan 'e Georgica, troch Klaas Bruinsma. thumb|right|200px|De Fryske oersetting fan 'e Vita Bonifatii, troch Klaas Bruinsma. thumb|right|200px|De Fryske oersetting fan 'e Metamorphoses, troch Klaas Bruinsma. thumb|right|200px|De Fryske oersetting fan Floris ende Blancefloer, troch Klaas Bruinsma. thumb|right|200px|De Fryske oersettings fan Mariken van Nieumeghen en fan Elckerlijc (publisearre yn ien bân), troch Klaas Bruinsma. thumb|right|200px|De Fryske oersetting fan De Roman van Walewein, troch Klaas Bruinsma. thumb|right|200px|De Fryske oersetting fan Ferguut, troch Klaas Bruinsma. thumb|right|200px|De Fryske oersetting fan Moriaen, troch Klaas Bruinsma. thumb|right|200px|De Fryske oersetting fan Van Sente Brandane, troch Klaas Bruinsma, útbrocht yn ien bân mei trije oare teksten oer Sint Brandaan yn oersetting fan Eibert van der Veen. thumb|right|200px|De Fryske oersetting fan Veinte Poemas de Amor y Una Canción Desesperada, troch Klaas Bruinsma. thumb|right|200px|De Fryske oersettings fan in ferskaat oan Spaansktalige gedichten troch Klaas Bruinsma, gearbrocht yn 'e bondel Blomlêzing út 'e Spaanske Poëzij.
Ut it Dútsk [19??]: Aria di Giovannini (Aria di Giovannini) – nei Heinrich Heine (in gedicht)
Ut it Frânsk 1994: Fryske Keaplju en Seefarders fan de Iere Midsiuwen, Diel I: It Essay (Marchands et Navigateurs frisons du Haut Moyen Âge, Vol. I: Essay) – nei Stéphane Lebecq (oers. y.g.m. Harke Bremer) 1994: Fryske Keaplju en Seefarders fan de Iere Midsiuwen, Diel II: It Corpus (Marchands et Navigateurs frisons du Haut Moyen Âge, Vol. II: Corpus des Sources) – nei Stéphane Lebecq (oers. y.g.m. Harke Bremer) 1994: Mei Sletten Doarren (Huis Clos) – nei Jean Paul Sartre (in toanielstik)
Ut it Midfrysk : Inkelde Losse Oersettings fan Fersen fan Gysbert Japicx yn it Nijfrysk – nei Gysbert Japiks 2003: Gysbert Japix: Een Keuze uit Zijn Werk – nei Gysbert Japiks (mei oersettings yn modern Frysk fan Klaas Bruinsma en Jan Popkema) 2004: Jûnbea (Nachtrêst-bejerte aef Juwn-bede) – nei Gysbert Japiks (in gedicht)
Ut it Aldgryksk 1954: Sang 6 út 'e Odyssee – nei Homêros (publ. yn it Frysk Studinte-Almenak ûnder it pseudonym Eurútelês) 1955: Sang 5 út 'e Odyssee – nei Homêros (publ. yn it Frysk Studinte Almenak, ûndertekene mei K.B.) 1956: Sang 9 út 'e Odyssee – nei Homêros (publ. yn it Frysk Studinte Almenak, ûndertekene mei K.B.) 1957: Sang 7 út 'e Odyssee – nei Homêros (publ. yn it Frysk Studinte Almenak, net ûndertekene) 1958: Sang 8 út 'e Odyssee – nei Homêros (publ. yn it Frysk Studinte Almenak, ûndertekene mei K. Bruinsma) 1960: Sang 10 út 'e Odyssee – nei Homêros (publ. yn it Lustrumboek 1960, ûndertekene mei Grins, K. Bruinsma) 1991: Filoktêtês (Filoktētēs) – nei Sofoklês (in toanielstik; útjûn as ûnderdiel fan Sofoklês: Trije Trageedzjes) 1991: Kening Oidipoes (Oidipous Tyrannos) – nei Sofoklês (in toanielstik; útjûn as ûnderdiel fan Sofoklês: Trije Trageedzjes) 1991: Oidipoes yn Kolonos (Oidipous epi Kolōnō) – nei Sofoklês (in toanielstik; útjûn as ûnderdiel fan Sofoklês: Trije Trageedzjes) 1991: It Moaiste op 'e Swarte Ierde (Fragmint 16) – nei Sapfo fan Lesbos (in gedicht) 1991: Antígoné (Antigonē) – nei Sofoklês (in toanielstik) 1991: Elektra (Ēlektra) – nei Sofoklês (in toanielstik) : De Froulju fan Trakhis (Trachiniai) – nei Sofoklês (in toanielstik) 1993: Perzen (Persai) – nei Aeschylus (in toanielstik) : Alkêstis (Alkēstis) – nei Euripides (in toanielstik) 1997: Lysistrata (Lysistrata) – nei Aristofanes (in toanielstik) 1998: Aias (Aias) – nei Sofoklês (in toanielstik) 1999: Hoppe Syn Sang ta de Nachtegeal (fragmint út it toanielstik Ornithes) – nei Aristofanes [199?]: Ealjebijen (Sfēkes) – nei Aristofanes (in toanielstik) [199?]: Elektra (Ēlektra) – nei Euripides (in toanielstik) [199?]: Koaren út Aristófanes Syn "Fûgels" (fragmint út it toanielstik Ornithes) – nei Aristofanes 199?: Fûgels (Ornithes) – nei Aristofanes (in toanielstik) [199?]: Frede (Eirēnē) – nei Aristofanes (in toanielstik) [199?]: Medéa (Mēdeia) – nei Euripides (in toanielstik) [199?]: Oresteia (Oresteia) – nei Aeschylus (in trilogy fan toanielstikken) : Agamemnon (Agamemnōn) – nei Aeschylus (in toanielstik; diel 1 fan 'e Oresteia) [199?]: De Offerplingsters (Choēforoi) – nei Aeschylus (in toanielstik; diel 2 fan 'e Oresteia) [199?]: De Eumeniden (Eumenides) – nei Aeschylus (in toanielstik; diel 3 fan 'e Oresteia) [199?]: Kikkerts (Bātrachoi) – nei Aristofanes (in toanielstik) [199?]: De Koalebranders (Acharneis) – nei Aristofanes (in toanielstik) [199?]: ûnderskate fersen – nei Aristofanes [199?]: ûnderskate fersen – nei Euripides [19??]: Lof fan de Sjonger (fragmint út 'e Ilias) – nei Homêros [19??]: Pêgasos Bliuwt yn 'e Stringen (fragmint út 'e Ilias) – nei Homêros 2000: Psalm 151, in Apokrife Psalm – nei anonimus 2004: Ilias (Ilias) – nei Homêros (in epos) 2004: Odusseia (Odýsseia) – nei Homêros (in epos) : De Macht fan Afrodite en Eros Rikt Fier (fragmint út it toanielstik Hippolytus) – nei Euripides 2006: Psalm 155 (11 QPs a 155) – nei anonimus 2007: Winter yn Bojotia (fragmint út it epos Erga kai Hēmerai) – nei Hesiodos 2010: De Striid tusken Froasken en Mûzen (Batrachomyomachia) – nei Pseudo-Homêros (in satirysk epos) 2015: De Striid fan de Kat en de Mûzen Komysk drama út 1150 fan Theodoros Pródromos 2016: De Tocht fan de Argonauten (Argonautica) – nei Apolloanius fan Roados (in epos)
Ut it Gryksk 2017: Pégasus. Blomlêzing út 'e Grykse poëzij - neffens The Penguin Book of Greek Verse
Ut it Aldingelsk 1986: De Dream fan it Krús (The Dream of the Rood) – nei anonimus (in epysk gedicht) 1986: De Seeman (The Seafarer) – nei anonimus (in epysk gedicht) 1987: De Balling (The Wanderer) – nei anonimus (in epysk gedicht)
Ut it Midingelsk 1970: It Teltsje fan de Priorinne (The Prioress's Tale) – nei Geoffrey Chaucer (ien fan The Canterbury Tales) 1983: It Teltsje fan de Mounder (The Miller's Tale) – nei Geoffrey Chaucer (ien fan The Canterbury Tales) [19??]: De Ule en de Nachtegeal (The Owl and the Nightingale) – nei Nikolaas fan Guildford? (in fabel) 2001: Hear Gawain en de Griene Ridder (Sir Gawayne and the Grene Knyght) – nei anonimus (in ridderroman)
Ut it Ingelsk 1954: Foriviging – nei Edmund Spenser (sonnet, yn: De Stiennen Man, ôfl. 29) 1973: Simson (Samson Agonistes) – nei John Milton (fragmint; yn: Alternatyf jg. 3, nr. 5, s. 49-52) 1975: Bea op Peaske (gedicht út 'e Amoretti) – nei Edmund Spenser 1976: De Reis fan de Wizen (The Journey of the Magi) – nei T.S. Eliot (in gedicht) 1991: De Sate (The Farm) – nei David Storey (in toanielstik) 1999: Lyksang – nei Thomas Lovell Beddoes (fragmint út Death's Jest-Book of It Moppeboek fan Hofnar Dea) (in gedicht) 19??: It Gokkershûs "De Sinneskyn" (oarspronklike titel?) – nei in Ingelsk folkswyske (in ferske)