Rintje Ritsma (folút: Robert Rintje Ritsma; De Lemmer, 13 april 1970) is in bekende Fryske reedrider.
Yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw helle Rintje syn grutte suksessen. Hy waard fjouwer kear wrâldkampioen reedriden oer-alles, seis kear Jeropeesk kampioen en twa kear Nederlânsk kampioen.
Ritsma hat sawat alles wûn yn it reedriden wat er te winnen falt. De ienichste priis dy't Rintje Ritsma net wûn hat is de gouden medalje op de Olympyske Spullen.
Rintje Ritsma is pakesizzer fan skûtsjesiler Rintje Ritsma.
Grutste suksessen
Wrâldkampioen: 11 febrewaris 1995 yn Baselga 2 febrewaris 1996 yn Ynzell 7 febrewaris 1999 yn Hamar 10 febrewaris 2001 yn Bûdapest
Jeropeesk kampioen: 7 jannewaris 1994 yn Hamar 6 jannewaris 1995 op It Hearrenfean 19 jannewaris 1996 op It Hearrenfean 11 jannewaris 1998 yn Helsinki 10 jannewaris 1999 op It Hearrenfean 16 jannewaris 2000 yn Hamar
Nederlânsk kampioen: 6 jannewaris 1996 yn Den Haach 22 desimber 1996 yn Assen
Kategory:Frysk reedrider Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Frysk autokoereur Kategory:Frysk motorkoereur Kategory:Frysk kommentator Kategory:Persoan berne op De Lemmer Kategory:Persoan berne yn 1970