Warns 2000 wie in frysksinnige aksjerûnte dy't oan 'e ein fan de tachtiger jierren fan de 20e iuw (1988-1989) aktyf wie. De rûnte wie anonym en bestie nei alle gedachten út sa'n 20 oant 50 persoanen, wêrûnder in tsiental studinten fan FFJ Bernlef.
Guon fan de aksjes dy't op harren konto komme binne it oerplakken fan postkoade tabellen by PTT-brievebussen mei in Fryske ferzje; en it fuortspuitsjen fan de Nederlânsktalige plaknammen op kombuorden yn de striid om Fryske plaknammenSmellingerlan Moat Frysksinnich Wurde, Ljouwerter Krante 2-01-1988; it beplakken fan reklamebuorden op NS-stasjons as protest tsjin guon NS-meiwurkers dy't gjin Frysk ferstean woene.
Keppeling om utens Dossier mei ynfo oer Warns 2000
Kategory:Fryske Beweging Kategory:Fryske feriening Kategory:Nederlânske politike aksjegroep Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1988 Kategory:Organisaasje opheft yn 1989