Friens is ien fan de lytste fan de 17 doarpen yn de gemeente Ljouwert.
Friens leit noardwestlik fan Grou, noardeastlik fan Jirnsum en súdlik fan Reduzum tusken de Kromme Grou, de Mûzel, de Oeriselske Strjitwei, de N354 en de A32. Oan de westlike kant fan it doarpsgebiet rint it Swin, dat foar ferbining soarget fan de Kromme Grou yn it suden en it Ald Swin yn it noarden.
Skiednis De namme komt fan Frea-inge, wat safolle betsjut as 'doarp fan it slachte fan Frea'. Friens leit tusken de doarpen Idaerd, Grou, Jirnsum ) en Raerd en is it lêste terpdoarp op de eastlike ouwer fan de Middelsee. Nei Friens rûn de âlde hearbaan oer de noardouwer fan De Boarn nei it kleaster en de brêge fan Nes. De tsjintwurdige wei giet oer de súdouwer. thumb|250px|left|''Beslingastate It meast opfallende oan it doarp is it tsjerkje út 1795, yn 1906 werboud, mei in rike samling roubuorden fan de Van Beslinga's en Van Sytzema's dy't yn Friens op de eardere Beslingastate wenne hawwe. Fan de state sels, dy't yn de perioade fan 1620 oant 1849 súdwestlik fan de tsjerke stien hat, is neat werom te finen: sels de terp dêr't de state op stien hat is ôfgroeven. Wol binne der noch stinzeplanten (û.o. nagelkrûd en wylde roazen) te finen op it hiem fan de pleatsen om Friens hinne.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 hearde Friens by de eardere gemeente Idaarderadiel. Idaarderadiel gie yn dat jier op yn de nije gemeente Boarnsterhim en sûnt de opheffing fan dy gemeente yn 2014 heart Friens by de gemeente Ljouwert.
Wapen It doarpswapen wurdt as folget beskreaun: 'Yn sulver twa griene kneppels, skean oer elkoar hinne, dêrboppe en dêrûnder in reade roas.'Bultsma, P. (1986). Doarpswapens en -flaggen fan de gemeente Boarnsterhim. Genealogysk Jierboek 1986, siden 107-115. De takken binne ûntliend oan it wapen fan de famylje fan Beslinga. De roazen stamme fan it wapen fan de famylje fan Sytzama.
Mienskip Friens hat in eigen doarpsbelang en it doarpshûs hjit "It Lokaeltsje". It doarp hat tegearre mei Reduzum, Idaerd en Eagum in mienskiplike ynternetside. Ek it doarpskrantsje 'Linepraat' is in mienskiplike útjefte fan deselde doarpen.
Tsjerke thumb|left|250px|Tsjerke fan Friens Protestantsk Friens is oansletten by de herfoarme gemeente Reduzum–Idaerd.
Skoalle Yn 1934 waard as ûnderdiel fan de besunigings ûnder Hendrik Pieter Marchant de iepenbiere skoalle fan Friens mei dy fan Idaerd sletten. De bern geane yn 'e regel nei de Trije Doarpen Skoalle fan Reduzum. thumb|260px|Sicht op ferboude pleats oan de Van Sytzamawei Ferienings Toanielklub Tusken Swin en Moezel Iisklub de izeren Wjuk.
Befolkingsferrin Jier 1999 2002 2004 2005 2006 2007 2010 2016 2022 Ynwenners 92 87 88 89 91 92 89 75 90 thumb|260px|Friens Berne Clara Feyoena van Raesfelt-van Sytzama (1729-1807), dichteres Johannes Galenus Willem Hendrik van Sytzama (1830-1907), boargemaster fan Tytsjerksteradiel en rjochter
Ferskaat Friens leit oan it Jabikspaad.
Sjoch ek Tsjerke fan Friens Beslingastate
Kategory:Doarp of stêd yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Doarp of stêd yn Boarnsterhim Kategory:Doarp of stêd yn Idaerderadiel