It Gesetz zur Förderung des Friesischen im öffentlichen Raum (Friesisch-Gesetz - FriesischG) of yn it Noardfrysk Friisk Gesäts is in taalwet dy't op 11 novimber 2004 troch it parlemint fan Sleeswyk-Holstein oannaam is om de rjochten fan de Friezen yn Noard-Fryslân en op Helgolân te beskermjen. De wet regelet de neikommende saken:
It Frysk is njonken it Dútsk tastien as bestjoerstaal; Behearsking fan it Frysk mei funksje-eask foar amtners wêze; Twatalige opskriften Frysk-Dútsk op iepenbiere gebouwen binne tastien; Op iepenbiere gebouwen mei de Noardfryske flage wapperje; Plaknammebuorden meie twatalich Frysk-Dútsk wêze.
It wetsfoarstel is dien troch Lars Harms fan de SSW.
Sjoch ek De folsleine wetstekst yn it Dútsk en it Noardfrysk, op Wikiboarne.
Keppelings Nijsberjocht oer it oannimmen fan de wet. (Dútsk) Wetsûntwerp en úteinlike wettekst. (Dútsk en Noardfrysk)
Kategory:Noardfrysk