thumb|upright=1.5|Wrâldkaart mei it plak fan Afrika Afrika is in wrâlddiel.
Swart Gebiet Ta Afrika wurdt it gebiet rekkene tusken: yn it noarden Middellânske See, as grins mei Jeropa yn it noardeasten de Lâningte fan Suez, as grins mei Aazje yn it easten en suden de Yndyske Oseaan yn it westen de Atlantyske Oseaan
Namme De namme "Afrika" wie yn de Aldheid earst foarbehâlden oan it gebiet fan it hjoeddeiske Tuneezje. Letter waard de hiele kuststrook Afrika neamd en yn de tiid fan de ûntdekkingsreizen waard it hiele wrâlddiel hjirmei oantsjutten. De namme soe ûntliend wêze oan it Foenisyske wurd afrid. Mar oaren stelle dat de namme Afrika te werom te bringen is ta de Berberske goadinne ifri (wat grot betsjut). Dizze goadinne waard letter troch de Romeinen oernaam.
Wolfeart It kontinint hie yn 2000 likernôch 795 miljoen ynwenners. Frijwol hiel Afrika heart ta de Tredde Wrâld. Sommige minsken rekkenje it hiele kontinint hjir ta, oaren allinnich de lannen besuden de Sahara, mei útsûndering fan Súd-Afrika.
thumb|right|Satellytfoto fan Afrika Lannen Der lizze 54 selsstannige lannen alhiel of foar in part yn Afrika: Algerije Angoala Benyn Botswana Boerkina Faso Boerûndy Dzjibûty Egypte Ekwatoriaal-Guinee Eritrea Etioopje Gabon Gambia Gana Guinee Guinee-Bissau Ivoarkust Kaapverdje Kameroen Kenya de Kongo (demokratyske republyk Kongo, it eardere Saïre) de Kongo (republyk Kongo) Komoaren Lesoto Libearia Lybje Madagaskar Malawy Maly Marokko Mauritaanje Mauritsius Mozambyk Namybje Nigearia Niger Rûanda Sambia Sao Tomee en Prinsyp Senegal De Seysjellen Sierra Leöane Simbabwe Sintraal-Afrikaanske Republyk Somaalje Spanje Súd-Afrika Súd-Sûdan Sûdan Swazilân Tanzania Togo Tsjaad Tuneezje Uganda
Keppeling om utens
Kategory:Wrâlddiel Kategory:Beskaving