thumb|280px|right|Lodewijk de Vadder: Zoniënwâld mei marsedragers Lodewijk de Vadder (Brussel, doopt 8 april 1605 - Brussel 10 augustus 1655) wie in Flaamsk lânskipsskilder, -tekener en -etser út de baroktiid.
Hy kaam út in skildersfamylje (ek syn bruorren wiene keunstskilders) en waard yn 1628 master yn it Sint-Lucasgilde fan Brussel. Hy ûntjoech him mei Lucas Achtschellinck en Jacques d'Arthois (de saneamde Zoniënwâldskilders)Lowys de Vadder biografy in De groote schouburgh der Nederlantsche konstschilders en schilderessen (1718) troch Arnold Houbraken, by de DBNL. ta de meast foaroansteande lânskipsskilder út dy tiid. Fierders makke De Vadder ek etsen en tekeningen dêr't lânskippen ek in wichtich ûnderwerp yn wiene.
De Vadder wurke ek foar ferskate Brusselske wandtapyt- en gobelinfabrikanten.
Musea Wurk fan Lodewijk de Vadder hinget ûnder oaren yn de folgjende musea: Louvre yn Parys National Gallery of Art yn Washington, D.C. Museum foar Skoandere Keunsten yn Gint Keninklik Museum foar Skoandere Keunsten yn Antwerpen Keninklike Musea foar Skoandere Keunsten fan Belgje yn Brussel Museum Bredius yn Den Haach
Keppeling om utens https://www.lodewijkdevadder.net
Kategory:Súdnederlânsk keunstskilder (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk tekener (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk etser (foar 1830) Kategory:Flaamsk keunstskilder Kategory:Flaamsk tekener Kategory:Flaamsk etser Kategory:Barok Kategory:Persoan berne yn 1605 Kategory:Persoan stoarn yn 1655