thumb|175px|Foeke Buitenrust Hettema, 1917 Foeke Buitenrust Hettema (Harns, 6 juny 1862 - Swol, 5 oktober 1922) wie in taalgelearde en learaar.
Hy gie yn 1877 nei it gymnasium te Utert en waard yn 1880 talitten oan de universiteit dêre. Yn 1885 waard er learaar Nederlânske taal en Ierdrykskunde oan it gymnasium te Swol. Hy kreweare dêr foar better, moderner ûnderwiis. Yn dy jierren begjint er wurk te publisearjen, ek yn it Frysk. Buitenrust Hettema by de DBNL, troch J. B. Schepers, mei bibliografy. Hy waard redakteur fan Taal en letteren (1891-1907)
Yn 1897 waard er privaat-dosint Fryske Taal- en Letterkunde oan de Ryksuniversiteit Utert en yn 1917-1918 heechlearaar yn Gint, Belgje. Hoe âlder Buitenrust Hettema waard hoe mear niget at er krige oan it Frysk en de Fryske skiednis. Dêrtroch rekke er ek ferfrjemde fan Nederlânske wittenskippers. In inkelde freon wie der by doe't er yn Mullum te hôf brocht waard.
Buitenrust Hettema is bekend fanwegen syn Bloemlezing uit Oud-, Middel- en Nieuwfriesche geschriften (1887-1990) en syn Friesche plaatsnamen (1899).
Digitaal beskikbere wurken 1887 Bloemlezing uit Middelfriesche geschriften
1888 Bloemlezing uit Nieuwfriesche geschriften
1888 Bijdragen tot het Oudfriesch Woordenboek (diss. Utert)
1890 Bloemlezing uit Oudfriesche geschriften
1890 Der alte Druck der Westerlauwerschen Rechte
1904 Waarom volkstaal, waarom 't Fries bestudeerd?
1907 Bijbellektuur in 't Fries
Keppeling om utens Biografy troch Hans Reins by de DBNL
Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk pedagooch Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Nederlânsk taalkundige Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk pedagooch Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk tydskriftredakteur Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1862 Kategory:Persoan stoarn yn 1922