thumb|right|200px|East-Fryslân mei de Leybocht.
De Leybocht is in baai yn East-Fryslân, Dútslân. Nei de Doalert is de Leybocht de grutste yn it gebiet, omdat de Jadeboezem historysk sjoen net ta East-Fryslân rekkene wurdt.
Lokaasje De baai leit yn it westen fan East-Fryslân, tusken Greetsiel en Norddeich, 25 kilometer westlik fan Auwerk en 18 kilometer noardlik fan Emden. Mei in lingte fan likernôch 5 kilometer en in breedte fan 4 kilometer is de Leybocht sawat 20 kante kilometer grut.
thumb|right|200px|In kaart fan East-Fryslân, makke troch Ubbo Emmius om 1600 hinne.
Skiednis Nei de stoarmfloeden fan 1374 en 1376 ûntstie de baai mei in oerflak fan likernôch 129 kante kilometer. De baai rikte doe fan Greetsyl yn it westen oant Mariënhafe yn it easten, en fan Norden yn it noarden oant Canhusen yn it suden. It plak Westeel dat yn it Leybocht-gebiet lei, rekke ferdronken by dy stoarmfloeden.
Yn de iuwen dêrnei waarden grutte parten fan de baai ynpoldere, sa dat de Leybocht sûnt 1950 syn hjoeddeiske grutte krigen hat. De lêste lânoanwinning op de baai waard dien yn de jierren 1947 - 1950 mei de bou fan de Störtebekerdyk, wêrmei't de Leybochtpolder yndike waard. Dat in grut part fan it lân ynpoldere is noch goed werom te sjen op kaarten. Yn it gebiet steane amper doarpen of hûzen.
Yn de jierren nei de lêste ynpolderingen hawwe der plannen west om de hiele baai yn te polderjen. Sa kin de dyklynje bot ferkoarte wurde en kin it lân better beskerme wurde tsjin de see. Dy plannen binne nea trochset op grûn fan natuerbeskerming.
Hjoeddeiske sitewaasje thumb|right|200px|Foto út 2009 fan de Leybocht.
De Leybocht leit tsjintwurdich yn it Nasjonaalpark Nedersaksyske Waadsee en is ûnderdiel fan Sône I. Dat hâld yn dat yn it grutste part fan it jier it gebiet net tagonklik is foar besikers. Allinnich op markearde diken meie minsken komme.
De Leybochtpolder waard yn 1950 oanlein en is hjoed-de-dei in stedsdiel fan Norden.
In wichtich toeristenplak oan de Leybocht is it plakje Greetsyl.
Keppelings om utens Nasjonaalparkhûs Greetsyl (de) Ynformaasje oer de Leybocht (de)
Kategory:Waadsee Kategory:Wetter yn East-Fryslân Kategory:Baai yn Nedersaksen Kategory:Baai fan de Atlantyske Oseaan