thumb|right|Devon Aoki Devon Edwenna Aoki (New York City, 10 augustus 1982) is in Amerikaansk aktrise en model fan mingd Ingelsk-Dútsk-Japansk etnysk komôf.
Har heit Rocky Aoki is in eardere Olympysk wrakseler, har mem Pamela Hilburger in juwelier. Har heit waard nei syn sportkarriêre eigner fan de Benihana Steakhouse-keatling.
Doe't Aoki trettjin wie, waard se model. Hja makke yn 2003 har filmdebút.
Persoanlik Aoki wennet allinne yn Los Angeles en hâld har priveelibben meast stil. Sy hat niget oan dichtsjen, spilet drums en hat twa slangen as hûsdier. Yn 2006 begûn Aoki's heit, Hiroaki Aoki, in rjochtssaak tsjin fjouwer fan syn sân bern om't hy tocht dat sy de troch him stifte bedriuwen oer nimme woene. Devon, dy't neat te krijen hat mei it famyljebedriuw, wie dêr net by.Devon Aoki interview and photo page Har healbroer, Steve Aoki, is DJ yn Los Angeles en de oprjochter fan Dim Mak Records. Aoki hat trije susters —Ellie, Grace, en Echo— en trije broers —Kyle, Kevin, en Cole Price.
Filmografy Jier Titel Rol2003 Death of a Dynasty Picasso 2 Fast 2 Furious Suki2004 D.E.B.S. Dominique2005 Sin City Miho2006 Sean Lennon's Friendly Fire in Seemearmin (Wachtsje op my) DOA: Dead or Alive Kasumi2006 Zoom Daravia2007 War Kira Yanagawa2008 Mutant Chronicles Valerie Duval2009 Rosencrantz and Guildenstern are Undead Anna2010 Sin City 2 Miho
Keppeling om utens Uncut Movies
Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Japansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1982