Lexi Belle, echte namme: Jessica Macomber (Independence (Louisiana), 5 augustus 1987), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Nollie en Lexi Williams. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m, mei in gewicht fan 48 kg en kupmaat 32C.

Libben

Jonkheid Lexi Belle waard berne yn Independence, yn 'e steat Louisiana, mar groeide op yn McComb, yn 'e oangrinzgjende steat Mississippy. Op 'e middelbere skoalle hearde hja net ta de populêre bern, mar spile ynstee de trombône yn 'e skoalband. Yn 2004, doe't se santjin jier wie, ferfear se mei har âldelju nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Dêr wurke se yn in fideoteek, doe't se hifke waard troch immen dy't har profyl op har MySpace-side sjoen hie, en har rekrutearje woe foar de pornoyndustry.

Karriêre Sa rekke Belle by de pornoyndustry belutsen, en in fearnsjier letter besocht se foar it earst de set fan in pornografyske film, dêr't se in rûnlieding krige. Yn desimber 2005, doe't se achttjin jier wie, makke se har debút yn in pornofilm, wêrby't se foar it earst orale seks mei in man bedreau. Yn it begjin fan har karriêre makke se fral gebrûk fan 'e skûlnamme Nollie, en wurke se foar de studio Oz Entertainment.

Sûnt hat se, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 463 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Hustler Video, Pure Play Media, New Sensations, Evil Angel, Adam & Eve, Third Degree Films, Elegant Angel, Vivid Entertainment, Digital Playground, Zero Tolerance, Wicked Pictures, Jules Jordan Video, Red Light District en Diabolic Video. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en Kink.com. Dêrmei hat se ûnderwilens al 7 ûnderskate AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) wûn, wylst se suver grossieret yn 'e nominaasjes foar AVN-Awards: 32 mar leafst.

Yn 2011 waard Belle troch de Amerikaanske stjoerder CNBC neamd as ien fan 'e tolve populêrste aktrises út 'e pornoyndustry. Dy bewearing basearre CNBC op 'e withoefolle AVN Awards, Xbiz Awards en oare prizen en nominaasjes dy't se yn 'e wacht sleept hat, en op 'e populariteit fan har webside, LexiBelle.com, dat ien fan 'e grutsten út 'e pornoyndustry is. Behalven foar Amerikaanske labels wurket Belle ek geregeldwei foar Japanske filmstudio's. Njonken har aktearwurk posearret se ek gauris foar neakenblêden; sa stie se yn maaie 2013 yn 'e Penthouse as de Penthouse Pet fan 'e moanne.

Priveelibben Belle is in fegetariër en set har as frijwilliger yn foar bistebeskermingsdoelen. Se hat oanjûn dat se har yn 't bysûnder ynteressearret foar de eland en de snie-ûle. Fierders is se poersljocht mei de science fiction-films út 'e Star Wars-rige, fral mei Attack of the Clones.Bourne, Justin, PopPorn.com Celebrates Week of the Stars, 2008, Teffens hâldt se fan punkmuzyk en besiket se geregeldwei ferdivedaasjeparken.

Yn fraachpetearen hat se oanjûn dat se foar it earst mei in jonge, har doetiidske freon, op bêd gie op har santjinde jierdei, en dat se doe in stikje plestik as kondoom brûkten.Reyes, Jay, Lexi Belle No Longer Uses Saran Wrap Condoms, 2008, Op seksueel mêd hâldt hja derfan om froulju te dominearjen, leafst troch middel fan smoarseks.Fairfield III, Bobby, Bondage a Real Hit with Southern Belle Lexi Belle, 2008,

Lichaamlike en oare skaaimerken Lingte: 160 cm Gewicht: 48 kg Maten: 32C-24-33 Skuonmaat: 38 Ras: blank Eachkleur: grienbrún Hierkleur: brún Tatoeaazjes: oranje blom tusken har skouderblêden Seksuële oriïntaasje: biseksueel

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2008Adam Film World Guide Awardwûntinerdream fan it jiern.f.t.AVN Awardnominearrebêste groepsekssêne (fideo) (mei Annette Schwarz, Bobbi Starr, Steve Holmes en Ian Scott)Slutty & Sluttier 32009AVN Awardnominearrebêste solosekssêne Teenage Heartbreakers 2nominearrebêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Belladonna)Belladonna's Fucking Girls 6nominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei 8 oaren)Bad News Bitches 3nominearrebêste sekssêne mei in pearke (mei James Deen)Teenage Heartbreakers 2nominearrebêste point of view-sekssêne (mei Tori Black, Riley Evans en Manuel Ferrara)Fucked on Sight 4nominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Amber Rayne en Sergio)Bad News Bitches 3nominearrebêste nije stjern.f.t.XRCO Awardnominearrewiete dream (cream dream)n.f.t.2010AVN Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Jenna Haze)Evil Pink 4nominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei 9 oaren)Party of Feetnominearrebêste sekssêne mei in pearke (mei Tom Byron)House of Ass 10nominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Tanner Mayes en Erik Everhard)Jail Bait 6nominearreartyste fan it jiern.f.t.wûnbêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Tori Black)Field of Schemes 5wûnbêste nije ynternetstjern.f.t.FAME Awardnominearremeast seksy lichemn.f.t.nominearrefavorite orale stjern.f.t.wûnûnderwurdearre stjern.f.t.Xbiz Awardnominearrepornostjerwebside fan it jier (foar LexiBelle.com)n.f.t.nominearreartyste fan it jiern.f.t.XRCO Awardwûnwiete dreamn.f.t.2011AVN Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Monique Alexander)The Best of... Lexi Belle 2nominearrebêste sekssêne mei in pearke (mei James Deen)Batman XXX: A Porn Parodynominearrebêste triosekssêne f/m/m (mei Mickey Butders en Mr. Pete)The Best of... Lexi Belle 2nominearrebêste pornostjerwebside (foar LexiBelle.com)n.f.t.nominearreartyste fan it jiern.f.t.wûnbêste byrol fan in aktriseBatman XXX: A Porn ParodyXbiz Awardnominearrepornostjerwebside fan it jier (foar LexiBelle.com)n.f.t.nominearreartyste fan it jiern.f.t.2012AVN Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Gracie Glam)Pretty in Pinknominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei Jenna Haze en Faye Reagan)Legs Up Hose Downnominearrebêste triosekssêne f/m/m (mei Alec Knight en Evan Stone)Superman XXX: A Porn Parodynominearreartyste fan it jiern.f.t.wûnbêste sekssêne mei in pearke (mei Manuel Ferrara)The Bombshells 3NightMoves Awardwûnbêste artyste (redakteurskar)n.f.t.XRCO Awardnominearrewiete dreamn.f.t.2013AVN Awardnominearrebêste opfiering fan in striptiisLexinominearrebêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Remy LaCroix)Remynominearrebêste lesbyske sekssêne (mei Bobbi Starr)Vicarious: So Close You Can Taste Itnominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei Alexis Texas, Eva Angelina en Teagan Presley)D3viancenominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei Allie Haze en Ella Milano)Allie Haze: True Sexnominearrebêste sekssêne fan in pearke (mei Michael Stefano)Performers of the Year 2012nominearrebêste point of view-sekssêne (mei Tom Byron)Superheroine 3Dnominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Gracie Glam en Johnny Sins)Brazzers Present: The Parodies 2nominearrebêste anale sekssêne (mei James Deen)Lexinominearrebêste pornostjerwebside (foar LexiBelle.com)n.f.t.nominearreartyste fan it jiern.f.t.wûnbêste opfiering fan in striptiis (mei Remy LaCroix)Remywûnbêste orale sekssêneMassive Facials 4wûnbêste triosekssêne f/m/m (mei Ramon Nomar en Mick Blue)LexiTLA Raw Awardwûnartyste fan it jiern.f.t.Xbiz Awardnominearrebêste lesbyske sêneD3Viancenominearrebêste sêne yn in gonzo/non-feature-filmLexinominearrebêste aktrise yn in publikaasje oer in pearkeLove, Marriage & Other Bad Ideasnominearrebêste aktrise yn in pornografyske parodyBuffy the Vampire Slayer XXXnominearrebêste aktrise yn in feature-filmLove, Marriage & Other Bad Ideasnominearreartyste fan it jiern.f.t.wûnbêste gonzo-publikaasje fan it jierLexiXRCO Awardnominearreorgastysk oralisten.f.t.nominearreartyste fan it jiern.f.t.2014AVN Awardnominearrebêste lesbyske groepsekssêneBrazzers Presents: The Parodies 3nominearrebêste anale sekssêne (mei Mick Blue)Big Wet Asses 22nominearrebêste aktriseMeant to Bewûnsosjale-mediastjer (publykspriis)n.f.t.Xbiz Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne Meow! 3nominearreartyste fan it jiern.f.t.

Filmografy (kar-út)

Keppelings om utens Offisjele webside fan Lexi Belle Lexi Belle har MySpace-side Biografy en filmografy fan Lexi Belle yn 'e Internet Movie Database Lexi Belle yn 'e Internet Adult Film Database Lexi Belle yn 'e Adult Film Database

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Penthouse Pet Kategory:Persoan berne yn 1987