Lianne Zandstra (Stiens, 1970)Koarte biografy fan Lianne Zandstra is in aktrise, sjongster, regisseur en casting director. Se wennet yn Amsterdam.
Se studearre yn 1995 ôf oan de Akademy foar Kleinkeunst yn Amsterdam. Se spile dêrnei yn teäter- en telefyzjeproduksjes. Se spile ek mei Tryater yn û.o. Wát in teater en Ynbylde sike en de 'Skippers fan de Kameleon' (2003). Se spile fjouwer jier de rol fan Afke yn Baas Boppe Baas en wie te sjen yn de searje Dankert & Dankert. Sûnt 2008 spilet se yn har solofoarstelling 'Tichtby' yn gearwurking mei teäterselskip Pact.
Lianne Zandstra skriuwt har lietsjes yn it Nederlânsk. Yn it ferline fersoarge Tryntsje van der Zee as it nedich wie de oersetting nei it Frysk.
Yn july 2025 debutearre Zandstra mei har boek Storm voor de stilte - Als kinderen krijgen niet lukt.
Rollen Krystproduksje Dolfinarium Brigitte Kaandorp Chez Marcanti Toen was geluk heel gewoon Het Hof van Joosten Jane Eyre Yerma Op Syk nei Mohammed
Gastrollen In kar: Baantjer Trauma 24/7 Daar Vliegende Panters Spangen Westenwind
Keppeling om utens Facebookside fan Lianne Zandstra
Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Frysk regisseur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Stiens Kategory:Persoan berne yn 1970