Gellius Faber de Bouma, latinisearring fan Jelle Smit, ek G. Faber van Bouma, (Ljouwert?, ± 1490 - Emden, 2 juny 1564) wie in pastoar en letter herfoarmer fan it leauwe.

Hy wie om 1516 hinne pastoar te Jelsum en preke 'evangelysk'. Hy wurdt beskôge as foaroprinner fan de Fryske herfoarming. Om 1530 hinne noch net ferfolge troch de (tsjerklike) oerheid., Encyclopedie van Friesland, 1958. Faber de Bouma, Gellius

Faber de Bouma joech yn 1536 it prysteramt oer, yn deselde snuorje die Menno Simons dat ek. Hy flechte nei East-Fryslân dêr't er predikant waard te Norden. Yn 1538 waard er beroppen yn Emden, dêr't er oan syn dea in wichtich man yn de grifformearde gemeente bleau. Yn 1551 of 1552 skreau er in ferdigeningsskrift tsjin de werdopers, útjûn yn Magdeburch. Faber de Bouma by de DBNL Hy en Menno Simons bestrieden elkoar fûl yn harren ferballing, ûnder oaren oer de (be)ropping fan predikanten. Wiebe Bergsma: Tussen Gideonsbende en publieke kerk, side 408

Gellius hie twa soannen: Assuerus († 1575) en Petrus († 1604) Petrus Gellius Faber de Bouma by de DBNL

Kategory:Frysk pastoar Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk balling Kategory:Eastfrysk pastoar Kategory:Eastfrysk predikant Kategory:Dútsk pastoar Kategory:Dútsk predikant Kategory:Roomsk-katolyk preester Kategory:Tsjerkeherfoarmer Kategory:Eastfrysk persoan fan Frysk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Jelsum Kategory:Persoan berne yn 1490 Kategory:Persoan stoarn yn 1564

de:Gellius Faber de Bouma