Stasjon Ljouwert Werpsterhoeke is in nij te bouwen treinstasjon yn Ljouwert. It stasjon moat boud wurde oan it spoar nei Swol as part fan in grut transfearium by Knooppunt Werpsterhoeke. De lokaasje fan it stasjon is tichtby de nijbouwiken Techum, De Werp, en de nij te bouwen wenwyk Middelsee. Om 2025 hinne moat it stasjon klear wêze.
It spoar fan stasjon Ljouwert sil trochlutsen wurde nei Ljouwert-Werpsterhoeke.
By it stasjon sil in grut parkearterrein oanlein wurde. It is de bedoeling om sa it ferkear yn de rjochting fan it sintrum fan Ljouwert te ferminderjen. Njonken dat sil der ek in winkelplein en in bedriuwspark yn it gebiet boud wurde.
Yn 2018 waarden twa ûndertrochgongen foar auto's en fytsen yn gebrûk nommen. It ferwêzentlikjen en it yn gebrûk nimmen fan it stasjon wie ornearre earne nei 2018, ôfhinklik fan de ûntjouwing fan de wentebou yn de omkritenLjouwert-Werpsterhoeke, Prorail.nlStasjon Werpsterhoeke, Leeuwarden Vrijbaan. Yn 2019 waard stribbe nei it yn gebrûk nimmen yn 2025Leeuwarder wethouder Douwstra: nieuw station Leeuwarden moet in 2025 open Ljouwerter Krante oproppen 27 july 2019.
Treinferbinings Fan it nije stasjon út sil men reizgje kinne nei Grins en Swol.
Line Ljouwert - Grins: Ljouwert-Werpsterhoeke - Ljouwert - Ljouwert-Kammingabuorren - Hurdegaryp - Feanwâlden - De Westereen - Bûtenpost - Gryptsjerk - Súdhorn - Grins - Grins Europapark.
Line Ljouwert - Swol: Ljouwert - Ljouwert-Werpsterhoeke - Grou/Jirnsum - Akkrum - It Hearrenfean - It Hearrenfean Iisstadion - Wolvegea - Stienwyk - Meppel - Swol.
Kategory:Bouwurk yn Ljouwert Kategory:Bouwurk yn Ljouwert (gemeente) Ljouwert Werpsterhoeke Kategory:Bouwurk út 2020