thumb|Monique van de Ven (2018)
Monica Maria Theresia van de Ven (Zeeland (Noard-Brabân), 28 july 1952) is ien fan de bekendste Nederlânske filmaktrises fan de jierren santich, 80 en 90 fan de 20e iuw. Se is ek te sjen op de telefyzje en yn de reklamespotsjes fan FBTO.
Biografy Monique van de Ven waard berne yn it Brabânske Zeeland en groeide op in Rijswijk. Se folge ien jier de Toanielskoalle yn Maastricht en waard dêr yn 1971 weihelle foar har filmdebút yn Turks Fruit.
Van de Ven wie 17 jier troud mei kameraman Jan de Bont, mei wa't se fanôf midden jierren santich oant 1987 yn Los Angeles wenne. Se is letter troud mei akteur/senarioskriuwer Edwin de Vries, dy't se moete by de opnames foar Een Maand Later (1987).
Hja krige twaris in Gouden Keal, yn 1985 foar har hiel oeuvre en tsien jier letter foar har optreden yn de film Romeo. Yn 1999 waard se útroppen ta Nederlânsk aktrise fan de iuw.
Mei de ferfilming fan it boek Zomerhitte fan Jan Wolkers makket se yn it foarjer fan 2008 har foarneamste rezjydebút. Yn 1996 hie hja al in koarte film regissearre; Mama's Proefkonijn.
Yn jannewaris 2012 begûn Omrop MAX mei de telefyzjesearje Dokter Deen, dy't spilet op Flylân dêr't it pear De Vries-Van de Ven in hûs hat. Sy betochten tegearre de searje nei oanlieding fan besteande ferhalen fan dokter Deen, âld-hûsdokter op Flylân.
Njonken aktrise is Monique van de Ven sûnt 1996 ambassadeur foar Unicef Nederlân.
Yn 1993 krige Monique in soan, Sammie.
Famylje Monique van de Ven har pake Jos van de Ven wie boargemaster fan Zeeland (Noard-Brabân).
Filmografy Turks fruit (1973) - Olga Stapels Dakota (1974) - Claudia Verloren maandag (1974) - Linda De wolvenman (Mini-searje, 1974) - Gerrie de Haas Keetje Tippel (1975) - Keetje Tippel De laatste trein (1975) - Loesje Anita Drogemöller und die Ruhe an der Ruhr (Telefyzjefilm, 1976) - Anita Drogemöller Sil de strandjutter (Mini-searje, 1976) - Lobke Dokter Vlimmen (1977) - Leonieke Dag dokter (1978) - Ingrid Sanders Stunt Rock (1978) - Rol ûnbekend Starsky and Hutch Telefyzjesearje - Anna Akhanatova (ôfl., A Body Worth Guarding, 1978) Een vrouw als Eva (1979) - Eve Uit elkaar (1979) - Linda Hoge hakken, echte liefde (1981) - Jenny Vreugdehil Breach of Contract (1982) - Rol ûnbekend Ademloos (1982) - Anneke Brandende liefde (1983) - Anna Dixie: Changing Habits (Telefyzjefilm, 1983) - Sherry Bouvais Voyagers! Telefyzjesearje - Erika Schoemacher (ôfl., Pursuit, 1983) Wizards and Warriors Telefyzjesearje - Talia (ôfl., Dungeon of Death, 1983) Remington Steele Telefyzjesearje - Mary Howell Dannon (ôfl., Altered Steele, 1983) De schorpioen (1984) - Anna De Oanslach (1986) - Saskia de Graaff/Truus Coster Een maand later (1987) - Monika Tonight's the Night (Telefyzjefilm, 1987) - Rol ûnbekend Iris (1987) - Iris Amsterdamned (1988) - Laura Paint It Black (1989) - Kyla Leif De Kassière (1989) - Baakster Conny Romeo (1990) - Anne Herden The Man Inside (1990) - Tina Walraff Eline Vere (1991) - Betsy van Raat Iris Telefyzjesearje - Iris de Weerdt (1992) De Johnsons (1992) - Victoria Lucas Lang leve de koningin (1995) - Wite keninginne Toy story (1995) - Bo Peep Eine kleine Nachtmerrie Telefyzjesearje - Rol ûnbekend (1996) Windkracht 10 Telefyzjesearje - Frederica 'Fred' Beekman (ôfl. ûnbekend, 1997) Zeeuws meisje Telefyzjesearje - Augurken-commercial dame (1998) De bovenman (2001) - Iet The Discovery of Heaven (2001) - Ada's ferpleechster Amazones (2004) - Kers Divina Gloria (Telefyzjefilm, 2006) - Rol ûnbekend Spangen Telefyzjesearje - Sylvia Richter (1999-2006) Zadelpijn (Telefyzjefilm, 2007) - An Dokter Deen, (telefyzjerige, 2012) - dokter Maria Deen Daglicht, 2013 - Ageeth Boelens Doris, 2013 - Leonie Dorenbos Doris (film, 2018) - Leonie Dorenbos Toy Story 4 (2019) - Bo Peep (Nederlânske stim)
Rezjy Mama's proefkonijn (1996) ''Zomerhitte (2008)
Keppeling om utens Filmoersjoch Filmfoto's fan Monique van de Ven
Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmregisseur Kategory:Goodwill-ambassadeur fan de Feriene Naasjes Kategory:Gouden Keal-winner Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1952