Ingelân (Ingelsk: England, útspr.: ['ɪŋɡlǝnd], likernôch: "ing-glund") is in dielútmeitsjend lân (constituent country) fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân, dat it súdeastlike diel fan it eilân Grut-Brittanje beslacht. Dat gebiet waard oarspronklik bewenne troch Keltyske stammen, mar kaam nei it Grutte Folkeferfarren yn 'e hannen fan Germaanske stammen, ôfkomstich fan it Jeropeeske fêstelân, dy't meitiid ferraanden ta ien folk, de Angelsaksen. Nei in proses fan ienwurding tusken de ûnderskate Angelsaksyske keninkrykjes kaam yn 927 it feriene Keninkryk Ingelân ta stân, dat oant 1707 fuortbestie, doe't it mei it Keninkryk Skotlân opgie yn it nije Keninkryk Grut-Brittanje.
Yn it koloniale tiidrek waarden de Ingelske kultuer, de Ingelske taal en Ingelske ynstituten lykas de Tsjerke fan Ingelân oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat. De hjoeddeistige kultuer fan lannen as de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân en yn mindere mjitte Súd-Afrika giet foar in grut part werom op Ingelân. Noch folle ynfloedriker wie it Ingelske bestjoerssysteem fan parlemintêre demokrasy, dat him yn 'e Midsiuwen ûntjoech, en dat troch it kolonialisme ek ferspraat is nei it Karibysk Gebiet, Afrika, Yndia en Oseaanje. Ek op it mêd fan 'e wittenskip hat Ingelân op ûnmisbere wize oan 'e skiednis bydroegen, mei't de Yndustriële Revolúsje yn 'e achttjinde iuw yn Ingelân begûn. Hjoed de dei hat Ingelân gjin eigen regear mear en is it inkeld noch in 'lân' yn 'e kulturele sin. Allinnich by beskate sporten, lykas fuotbal en rugby, komt Ingelân noch los fan 'e rest fan it Feriene Keninkryk út.
Etymology Ingelân tanket syn namme oan 'e Angelen, ien fan 'e Germaanske folken dêr't de Angelsaksen út fuortkamen. De Angelsaksen neamden harsels Engle of Angelcynn, en harren lân neamden se Engla land, wat safolle betsjutte as "it lân fan 'e Angelsaksen". Geandewei de Midsiuwen waard Engla land fia Engle land en Engeland ferbastere ta England. Tsjin 'e fjirtjinde iuw wie dat de namme fan it lân wurden. Yn 'e Frânske beneaming Angleterre, letterlik: "grûn(gebiet) fan 'e Angelen", komt de oarsprong fan de namme "Ingelân" noch dúdlik nei foarren. Hoe en wêrom oft de Angelen en net de Saksen harren namme oan Ingelân joegen, krekt as oft it iene folk wichtiger wie as it oare (wat net sa wie), is ûnbekend. Yn dit ferbân is it nijsgjirrich dat yn guon Keltyske talen Ingelân net nei de Angelen, mar nei de Saksen ferneamd is: yn it Welsk sprekt men fan Saesneg, en yn it Skotsk-Gaelysk fan Sasunn.
Yn it bûtenlân wurdt de namme Ingelân yn 'e folksmûle ek wol by wize fan pars pro toto brûkt as oantsjutting foar it hiele Feriene Keninkryk. (Dat is in flater fan itselde soarte as wannear't men "Hollân" seit as men "Nederlân" bedoelt.) Yn it Feriene Keninkryk sil soks nea dien wurde, om't men dêr wol better wit. Boppedat wurdt soks yn Skotlân en Wales opfetten as in mislediging.
In alternative, poëtyske beneaming foar Ingelân is Albion, dat ôflaat is fan it Latynske wurd albus ("wyt"), fanwegen de kleur fan 'e krytrotsen fan Dover. Dy namme waard brûkt troch Romeinske skiedskriuwers as Tasitus. Yn 'e iere tweintichste iuw wie op it Jeropeeske fêstelân de oantsjutting 'it perfide Albion' in steande útdrukking, mei't Ingelân (eins it Feriene Keninkryk), dat him fanwegen syn isolearre posysje op 'e Britske Eilannen folslein los fan 'e rest fan Jeropa seach, net te fertrouwen wêze soe.
Geografy Ingelân hat in oerflak fan 130.279 km² (oerflaktewetter net meiteld) en beslacht it súdeastlike twatrêdepart fan Grut-Brittanje. Dat is it grutste eilân fan 'e Britske Eilannen, dy't in arsjipel yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan foarmje, deunby de noardwestlike kust fan it wrâlddiel Jeropa. Ingelân hat mar twa lângrinzen, beide mei oare lânsdielen fan it Feriene Keninkryk: yn it noarden mei Skotlân en yn it westen mei Wales. Fierders wurdt it alhiel omjûn troch seeën. Yn it easten en noardeasten leit de Noardsee, yn it noardwesten de Ierske See, yn it súdwesten it Kanaal fan Bristol en de Keltyske See en yn it suden It Kanaal (yn Ingelân it 'Ingelske Kanaal' neamd). Yn it súdeasten, ta einbeslút, foarmet it 34 km brede Nau fan Kalês (yn Ingelân de 'Strjitte fan Dover' neamd) de smelle skieding mei it Jeropeeske fêstelân. Sûnt 1994 wurdt Ingelân mei Frankryk, oare kant it wetter, ferbûn troch de Kanaaltunnel. Behalven it súdeastlike diel fan it eilân Grut-Brittanje omfiemet Ingelân ek mear as hûndert lytsere eilantsjes, wêrfan't Wight en de Scilly-eilannen it bekendst binne.
De wichtichste rivieren fan Ingelân binne de Teems, de Mersey, de Tyne en de Severn. Oan 'e mûnings fan dy streamen lizze de grutte stêden Londen, Liverpool, Newcastle-upon-Tyne, resp. Bristol. De langste rivier, mei in lingte fan 350 km, is de Severn, dy't ûntspringt yn Wales en útmûnet yn it Kanaal fan Bristol. De langste rivier dy't oer de folle lingte troch Ingelân streamt, is lykwols de Teems, mei in lingte fan 346 km. De grutste mar fan Ingelân is de Windermere, dy't yn 'e skildereftige Marrekrite fan Kumbria leit, yn it uterste noardwesten fan it lân.
It heechste punt fan Ingelân is Scafell Pike, mei in hichte fan 978 m, dy't ek yn Kumbria leit. De berch makket diel út fan it gruttere Penninysk Berchtme, dat rûchwei yn noard-súdrjochting as in soarte fan wringe troch de midden fan Ingelân rint. Behalven bergen en dellingen omfiemet dat berchtme ek heech leine heide en wurdt it trochsnien troch rivierkes en beekjes. Teffens lizze der trije nasjonale parken: de Dellingen fan Yorkshire, Noardumberlân en it Berchpjutsedistrikt. De oare berchtmen yn Ingelân binne folle leger en kinne better omskreaun wurde as heuvelrigen. Dêrûnder binne de Cheviot-heuvels oan 'e grins mei Skotlân, de Cleveland-heuvels oan 'e eastkust, en yn it leechlân besuden it Penninysk Berchtme de Cotswold-heuvels, de Chiltern-heuvels, de Whitehorse-heuvels, de Mendip-heuvels en de Noarderdunen en Suderdunen. Dy lêste beide heuvelrigen, yn it súdeasten fan Ingelân, wurde faninoar skaat troch in gebiet dat oarspronklik oerdutsen waard troch útstrutsen wâlden, en dat dêrom troch de Angelsaksen The Weald neamd waard.
Oan 'e súdkust riizje de stadichoan ôfbroazeljende kalkstiennene krytrotsen fan Dover heech boppe de see út. It Ingelske Westlân omfiemet fierders heech leine heidegebieten lykas Dartmoor en Exmoor. Yn it easten fan Ingelân is de regio East-Anglia krekt in tige leechlein gebiet, wêrfan't dielen by stoarmfloed of oanhâldende rein splis komme te stean, benammen The Fens, yn omkriten fan King's Lynn, dêr't ferskate rivieren útmûnje yn 'e baai dy't The Wash hjit.
Skiednis Prehistoarje It ierste bewiis fan minsklike bewenning yn Ingelân datearret fan 780.000 jier tebek, doe't de iere minskeftige Homo antecessor der libbe. De moderne minske fêstige him yn it iere Paleolitikum yn Ingelân, hoewol't it gebiet troch de lêste iistiid wer folslein ûntfolke rekke. Doe't de gletsjers har likernôch 11.000 jier lyn werom begûnen te lûken, waard Ingelân werbefolke troch lju út Jeropa, dy't der gewoan rinnendewei komme koene mei't Grut-Brittanje doe troch in lânbrêge mei it kontinint ferbûn wie om't der sa'n soad seewetter yn it iis fêstholden waard dat de seespegel folle leger wie as no. Genetysk ûndersyk wiist derop dat dizze iere bewenners fan Ingelân ôfkomstich wiene fan it Ibearysk Skiereilân (en net út Frankryk, sa't men earder ferwachtsje soe). Doe't troch it ranen fan it lâniis de seespegel wer begûn te stiigjen, waard Grut-Brittanje omtrint 10.000 jier lyn skaat fan it eilân Ierlân, en likernôch 8.000 jier lyn fan Jeraazje.
De earste permaninte delsettings yn Ingelân datearje fan likernôch 6.000 jier lyn. Troch de saneamde Klokbekerkultuer, dy't om 2500 f.Kr. ûntstie of arrivearre, waarden ierdewurkene drinkbekers en oar taffelsreau makke. Omtrint dyselde tiid waarden grutte neolityske monuminten oanlein, lykas Stonehenge en Avebury. De technologyske ûntwikkeling fia de Brûnstiid nei de Izertiid gie yn Ingelân relatyf fluch, mei't koper en tin (dêr't ferlet fan wie om brûns te meitsjen) en izer dêr rûnom fûn wurde koe. It wie yn 'e Izertiid dat de Kelten fan 'e Halstatt- en La Tène-kultueren út Midden-Jeropa har yn Ingelân nei wenjen setten. Dy yntrodusearren de Brytoanyske taal en in tribale maatskippij. Neffens de Geographia fan Ptoleméus waard Ingelân om 'e midden fan 'e twadde iuw hinne bewenne troch sa'n tweintich ûnderskate stammen.
Aldheid Krekt as oare regio's oan 'e râne fan it Romeinske Ryk ûnderhold Ingelân al lang hannelsbetrekkings mei de Romeinen. De Ingelske rykdom oan grûnstoffen brocht Julius Caesar derta om yn 55 f.Kr. twaris om 'e nocht te besykjen en feroverje it lân, dat de Romeinen Brittanje neamden. Yn 43 (n.Kr.) fierde de Romeinske keizer Klaudius in nije ynvaazje út, en oars as Caesar brocht er it meastepart fan Grut-Brittanje ûnder Romeinsk bestjoer. Allinnich Skotlân (of Kaledoanje, sa't de Romeinen seine) bleau bûten it Romeinske Ryk. Oan 'e noardgrins fan it troch de Romeinen behearske diel fan it eilân waarden letter de Muorre fan Hadrianus en de Muorre fan Antoninus boud om ynfallen troch de Kaledoanyske stammen tsjin te gean.
Ingelân waard nei de ferovering yn it Romeinske Ryk opnommen as de provinsje Brittanje, nettsjinsteande fûleindige wjerstân troch guon Keltyske stammen, wêrfan't de Katûvellauny, oanfierd troch Karatakus, it bekendst waarden. Tusken 59 en 61 wisten de Kelten by in opstân ûnder lieding fan Bûdika, de keninginne fan 'e Iseny, in grut part fan Ingelân op 'e Romeinen te weroverjen, oant se ferslein waarden yn 'e Slach by Watling Street. Neitiid waard de Gryksk-Romeinske kultuer de lânseigen Keltyske kultuer yn Ingelân oermânsk troch de yntroduksje fan 'e Romeinske wet, Romeinske arsjitektuer, akwadukten, rioelen, agraryske fernijings en side. Yn 'e trêde iuw kaam keizer Septimius Sevearus te Eborakum (it hjoeddeistige York) te ferstjerren, wêrnei't syn opfolger Konstantyn de Grutte dêr ta keizer útroppen waard.
It is ûndúdlik wannear't it kristendom krekt yn Ingelân yntrodusearre is. Dat moat yn elts gefal yn 'e Romeinske Tiid west hawwe, uterlik yn 'e fjirde iuw, mar wierskynlik al folle earder. Neffens de Angelsaksyske skiedskriuwer Beda stjoerde paus Eleutearius al yn it jier 180 misjonarissen nei Ingelân, mar dy bewearing wurdt as twifelich beskôge. Fierders besteane der tradysjes dy't Glastonbury yn ferbân bringe mei Joazef fan Arimatéa, de man dy't Jezus Kristus nei syn krusiging in grêf joech. Under it ferfal fan it Romeinske Ryk waarden yn 410 de Romeinske legioenen fan it eilân weromlutsen en kaam der in ein oan it Romeinske bewâld yn Brittanje.
Iere Midsiuwen De Romeinske weromlûking liet Ingelân sûnder beskerming efter, mei as gefolch dat har yn 'e rin fan 'e fyfde iuw, ûnder it Grutte Folkeferfarren, hiele folksstammen fan it Jeropeeske fêstelân yn Ingelân fêstigen. Dêrby gie it om 'e Saksen, Angelen en yn mindere mjitte ek Jutten en guon Friezen, dat allegear Germaanske folken fan 'e Noardseekust út Noardwest-Jeropa wiene. De Keltyske befolking fan Ingelân fersette him dêr út alle macht tsjin, en de Germaanske opmars waard inkele desennia tsjinkeard troch de Keltyske oerwinning yn 'e Slach by Mount Badon. Yn dy snuorje waard de grûnslach lein foar de lettere Arthurleginden, dy't weromgiene op kening Arthur, dat in Keltyske lieder west hawwe soe dy't Brittanje beskerme tsjin 'e ynfallen fan 'e Angelen en de Saksen. (Yn wurklikheid is it mar tige de fraach oft Arthur wol basearre is op in histoaryske persoan.)