West-Dongeradiel, ek wol stavere as Westdongeradiel (Nederlânsk en offisjeel: Westdongeradeel), wie in eardere gemeente yn it noardeasten fan Fryslân, mei 6.234 ynwenners (1 jannewaris 1981),, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 78. en mei in gebiet fan 66 km².

Skiednis It oarspronklike Dongeradiel, rekke yn de 14e en 15e iuw split yn Dongeradiel oan de eastside fan de Peazens (of Donger), en Dongeradiel westlik fan de Peazens. Tsjin 1500 wienen dy twa parten ôfsûnderlike gritenijen wurden: East- en West-Dongeradiel. thumb|left|250px|Westdongeradiel yn de Schotanusatlas

Mei de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984, waard West-Dongeradiel, mei East-Dongeradiel en Dokkum wer gearfoege ta ien gemeente Dongeradiel. Op 1 jannewaris 2019 sil Dongerdiel mei de buorgemeenten Ferwerderadiel en Kollumerlân c.a. op syn beurt opgean yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

Plakken It haadplak wie Ternaard, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Boarnwert, Brantgum, Foudgum, Hantum, Hantumhuzen, Hantumerútbuorren, Holwert, De Lytse Jouwer, Moddergat, Nes, Raard, Waaksens en Wierum.

De buorskippen yn de gemeente wienen: Betterwurd, Boarnwerterhuzen, Fiifhuzen, Fiskbuorren, Fjildbuorren, Hantumerhoeke, Lytse Leard, Kletterbuorren, ’t Skoar, Teyebuorren en Trijeboerehuzen.

Gebiet De grins fan West-Dongeradiel waard yn it noarden foarme troch de Waadsee. Yn it easten wie de Peazens mei de Alde Peazens de grins, mei oan de eastkant dêrfan East-Dongeradiel. Yn it suden waard de gemeente troch de gemeenten Dokkum en Dantumadiel beheind, wêrby't de grins mei Dantumadiel meast krekt wat noardliker as de Dokkumer Ie rûn. Yn it westen rûn de grins yn de omkriten fan de Holwerter Feart, mei oan de oare kant Ferwerderadiel.

Untwikkeling ynwennertal 1981 - 6.234 1974 - 6.449 1969 - 6.923 1964 - 6.888 1959 - 7.366 1954 - 7.752 1939 - 7.449 1900 - 7.511 1860 - 7.078 1714 - 3.064

Sjoch ek List fan grytmannen fan West-Dongeradiel

Kategory:Dongeradiel Kategory:Eardere gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1851 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1984